Utslach wedstriid foar Eastermar teloarstellend
Der wie sneon 13 juny wol in hiel soad te belibjen op 'e Burgumer Mar. By Klein Zwitserland, mar ek ús eigen doarp hat him fan de aldermoaiste kant sjen litten mei drokte, gesellichheid, in skûtsjemerk en bomfolle terrassen. Ek op freedtejûn wie it Breed al aardich yn de skûtsjesfear. De drokte yn de haven foel de freedtejûns wat ôf, mar op sneontejûn lei de Komerk flink fol mei boatsjeminsken. En tusken de middei wie it hielendal 'bingo' mei de komst fan mear as 20 skûten, twa rûnfeartboaten, it Steatejacht en oare boatebesikers.
Havenmaster Albert Kieft, de rêst sels op dizze dei, soarge der û.o. foar dat de trochgong nei de Snakkerbuorren frij bleau, sadat ek de Eastermarder boatsjebesitters yn en út koenen.
Op it wetter wie it benammen de middeis drok. It soe samar wêze kinne dat der op 'e Burgumer Mar noch nea safolle boaten west hawwe op ien dei. Utsein de skûtsjes wie alles wat mar in bytsje farre koe, op 'e Mar oanwêzich. De organisaasje fan de wedstriden hie giele boeikes útlein dêr't de boatsjeminsken achter bliuwe moasten. Lykwols mienden in protte 'skippers' dat men ek wol yn it wedstriidwetter farre en lizze koe. Dêr wie fierder gjin tafersjoch op. Dat levere sa út en troch wolris wat gefaarlike sitewaasjes op. Op de wâl hie it publyk by it swimmersplakje pech. De wedstriidbaan lei fier fuort en de skûtsjes kamen net echt yn de buert. Op de 'terp' van Klein Zwitserland wie it spektakel wol hiel goed te sjen.
Boatsjes yn it wedstriidwetter
Drokte op 'e terp fan Klein Zwitserland
Jelle Talsma fan Warten wie, wat dizze skûtsjeprolooch oanbelanget, de grutte winner mei mar leafst twa earste plakjes by de 'grutte' A-skûtsjes. It skûtsje, mei nij túch en seilteken, is de ôfrûne jierren tagelyk mei it skûtsje fan Eastermar promovearre fan de C nei de B en no yn de A-klasse. De 'poep' sa't it skûtsje yn de folksmûle neamd wurdt, hat foar de wedstriden yn de IFKS yn augustus alfêst in 'fisitekaartsje' ôflevere.
Dan kin net sein wurde fan it skûtsje fan Eastermar. De prestaasjes wienen planút teloarstellend. Moarns fiif minuten te let by de start (net goed oplet?) mar it hie dochs noch wat plakjes ynhelle yn 'e rin fan de wedstriid. Middeis like it better te gean en sette 'it doarp Eastermar' as twadde útein. Yn de rin fan de wedstriid moast it skûtsje hjir en dêr oare skippen foargean litte. Krekt net goed útkomme by de ûnderste tonne, smoarge wyn fan oare skûten, dat soarte fan saken soargen der foar dat it skûtsje fan skipper Geale Tadema ôfsakke nei in achtste plak. Mar it drama wie noch net oer. By de finish waard it skûtsje net ôfsketten. De reden wie in proseduerefout by de start. Men wie te betiid oer de startline gien, it even weromfalle litte en op 'e nij oer de line sile, hie achterôf net genôch west om reglemintêr troch te farren. Ek Peter de Koe (Hoop op Zegen) waard om dy reden net ôfsketten.
Yn de lytse-A wie de Engelina Smeltekop fan Rinze Herrema, Earnewâld, de winner fan it klassemint oer de twa wedstriden.
Teloarstelling by de bemanning fan 'it doarp Eastermar'
Ien skipper klage oer stiennen dy't hjir en dêr yn 'e Mar lizze soene, mar oer it generaal hat it in pracht fan in silerij west. De belangstelling fan de skippers om hjir te silen wie grutter as ferwachte. It is dan ek de earste kâns yn it seizoen om ris te sjen wat de ferbetteringen en fernijingen oan de skûtsjes no feitlik opsmiten hawwe. De bemanningen wienen oer de lunch tusken de middei op 'e Komerk ek goed te sprekken. Gesellich, moaie muzyk fan shantykoaren en muzykkorpsen en lekkere fisk by de kreamkes.
RTL en Omrop Fryslân hawwe beide in reportaazje yn it nijs sjen litten (de links stean ûnderoan). De server fan de side www.skutsjesilenynewalden.nl wie freed 'crasht'. Dat is ferhipte spitich foar de promoasje fan dizze dei. Omrop Tytsjerksteradiel wie wol de hiele dei live 'yn 'e loft' en Age Veldboom (de nije Klaas Jansma?) die ferslach fan de wedstryd. Op himsels wie dat hiel aardich omdat Veldboom in protte fan de skûtsjes út dizze omkriten wit en mei nammen fan de lytse-A skûtsjes. De 'lytse-A' startte fiif minuten letter dan de 'grutten'. Foar guon taskôgers wie dat by tiden betiezjend omdat nei ien ronde alle skûtsjes troch innoar hinne sylden.
It doel is dat wy oare jier wer sa 'n silerij op 'e Mar hawwe sille. Dan sil de neidruk, kwa organisaasje, noch mear op Eastermar komme te lizzen. De Eastermarders dy't diel útmakken fan de aktiviteitenkommisje fûnen it prima sa. "Wy koenen no moai oefenje en oare jier witte wy wat wy ferwachtsje kinne en binne wy der hielendal klear foar". En no mar hoopje dat de sponsors foar dit evenemint ús net sitte litte. De tiid sil 't leare, it Swarte Wief, de Jonge Jan, Nieuwe Zorg, Raerder Hoek en al dy oare skûten hoopje wie oare jier yn Eastermarder wolkom te hjitten.
-
- Informatie
- 12 oktober 2024
125 jaar Bouwbedrijf Swart: open huis
Op 9 november 2024 wordt onze nieuwe, duurzame timmerwerkplaats en kantoorruimte geopend. Dit valt s... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 oktober 2024
Cheque Rabo Clubsupport voor Lokaal Loket
Lokaal Loket heeft een cheque van Rabo Clubsupport ontvangen met een bedrag van € 597,03!Met dit bed... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 oktober 2024
Bingo in kantine 'De Burgerkamp'
Lokaal Loket organiseert op vrijdag 15 november weer een bingo in de sportkantine.Leeftijd 12 jaar e... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 oktober 2024
Nijs út it Mienskipshûs
Krekt as de measte minsken hie ek it Mienskipshûs simmerfakânsje. Dêr kaam op 24 augustus in ein oan... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 september 2024
Donateursilen en jeugdsilen Skûtsje Ea skrast
Troch de grutte skea, oprûn by de oanfarring tidens de lêste IFKS sylwedstryd op 'e Lemmer, kin it s... Fierder lêze »