De feestkommisje sil grif sels noch wol reagearje, mar út namme fan Eastermar wolle wy de feestkommisje, de spultsjekommisje, de feemerkkommisje, de diskekommisje, de moaiwaarkommisje, de muzykjûnkommisje, de kabaretkommisje, de Dam Jaarsmakommisje, de foksejachtkommisje, Lechery, de feechploech, de hoareka, de fotografen, de merkeminsken, de barkeepers, de foklûkkommisje, de tentopbou en -ôfbrekkommisje en alle oaren dy’t meiwurke hawwe oan dit tige slagge doarpsfeest tanksizze. Want it wiene wer trije, nee fjouwer, hiel moaie dagen!
De Eastermarder muzykjûn wie ien grut hichtepunt, it feest wie doe eins al slagge. Wat in talint yn eigen doarp. Mar doe hiene wy pas ien dei achter de rêch.
De freeds wie der foar allegear wat te belibjen, alle leeftydsklassen koene mar útsykje. In wier hiel leuke dei mei spannende spultsjes foar jong en âld.
En doe waard it sneon. 'Buienradar' waard regelmjittich rieplachte mar it soe goed komme. Mar ien buike oan de ein fan de middei en dat wie ’t! Alle yngrediïnten wiene wer oanwêzich en stiene te plak foar in super slagge dei. De hynders, it diskefolk, Lytse Hille dy't nea skoft hâlde, 50 tige konsintrearre sigaarsmokers op it poadium (foto), DAMje op it DAM Jaarsmaplein en foklûke op ‘e Teye Tol. It wie der allegear en it koe allegear. En it hâlde mar net op, want nei in pear oerkes bekomme stiene de shantyminsken al wer klear. En dêrnei it wûnder... de band Prime Suspect krige it foarinoar. Net allinne om de hiele, mar dan ek de hiele feesttinte út syn feesttintedak gean te litten mar ek kwa lûd. Binnen goed te hearren mar sagau't men fan de Komerk ôf wie, dan wie it lûd net hurder as fan in willekeurich barbekjûfeestje. It kin dus wol!
En dan tinke jo nei trije dagen dat it dan oer is. Dat Eastermar wer wûn hat mei it moaiste doarpsfeest fan Fryslân. Mar doe wie dêr samar ynienen dy fjirde doarpsfeestdei. In dei dy’t net folslein yn de planning fan de feestkommisje stie, mar der der wis wol wie. Moarns útsliepe of genietsje fan Remco Hakkert en in pipermuntsje yn de nije tsjerke. De middeis dan dochs noch mar even in knipperke op ‘e bank en doe, doe wie der nóch in hichtepunt, de thriller: 80 minuten spanning en sensaasje en dêrnei dy 10 minuten mei dy bjusterbaarlike ûntknoping. Nederlân wint fan Meksiko.
Eastermar hat wûn. Nederlân hat wûn. Wy kinne no rêstich de simmer ynglydzje.
Op sneontemiddei wie der in man dy’t wat wetter kwyt moast en op it piskrús op it parkearplak fan de Komerk stie. Pisjendewei seach er it hear oer. Nei al it bier hie er net al te folle mear yn te bringen, mar wat der ferbaal noch útkaam wie wol dé konklúzje nei sa’n moai feest: “Eastermar… (hik)… is geweldich!”
RV
-
- Informatie
- 06 november 2024
Waarneming huisarts
Beste patiënten, We hebben een roerige tijd achter de rug, doordat dokter Wiersema begin oktober onv... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 november 2024
Webshop ‘Stichting It Eastermarder Skûtsje’
Beste liefhebbers van ons machtig mooie dorpsskûtsje. Een tijdje terug hebben wij onze gloednieuwe w... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 31 oktober 2024
Groencafé tuinen om van te smullen
-
- Informatie
- 23 september 2024
Drie Eastermarder talenten op een rij
In de afgelopen dagen werd zeiler Willem Wiersema (opnieuw) Nederlands kampioen in de ILCA7, kreeg E... Fierder lêze »