Under passende omstannichheden, echt snertwaar, droech mar strûpstjerrende kâld, wie it juster op it Breed wer in drokte van belang. Nei't guon in kuiertocht fan in kilometer as acht ôflein hienen, wie it dêrnei fansels tige by tige om jin wer wat te waarmjen oan in bakje snert; oars ek wol trouwens...
De organisaasje hat witte litten dat der 108 minsken oan de snertkuier meidien hawwe, 50% Eastermarders, 50% fan bûten. Foarich jier wienen der 75 dielnimmers. Tanksij in stikje poerbêste promoasje. Nei ôfrin wie der amper genôch snert, der is foar safolle besikers ek net tsjin te sieden fansels ! Lokkich wie Otte der mei in baarch oan it spit en der wie ek wol in gleske glühwein te krijen.
En oft it noch net kâld genôch wie, gienen guon dêrnei ek noch oan in izeren snertpanne hingjen as ûnderdiel fan it Iepen Eastermarder Kampioenskip Snertpanne hingjen! (IEKS !)
Op Nijsnet is der ek in item oan weage.
UPDATE De offisjele útslaggen fan de snertbarrenkommisje fine jmme hjirre !
De Snertbarrenkommisje wol alle dielnimmers oan’t Snertbarren en de frijwilligers en horeka betanke foar harren ynset om dit ‘barren’ slagje te litten. Ek De Broekophâlders meie wol neamd wurde foar harren treflike en sfearfolle muzikale bydrage oan’t Snertbarren.
Tige tank allegearre!
-
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 10 januari 2025
Winterferljochting Skûtsje-Ea
Hjoed is de winterferljochting wer fan it skûtsje helle.Earder as oars omdat it skûtsje kommend wyke... Fierder lêze » -
- Informatie
- 10 januari 2025
Steun Team Eastermar voor Lokaal Loket
Raimondo (l) en Henk (r) gaan dit jaar deelnemen aan de Tour Alpine Multi Challenge. Deze tocht zull... Fierder lêze » -
- Informatie
- 09 januari 2025
Sinkhole op it Wytfean?
Op 'e hoeke fan de Seadwei en de Achtienenweg leit de dyk der mar raar by, it liket wol in sinkhole... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 september 2024
Eastermar twa dagen it sintrum fan de wrâld
De Hûnekop iepent it Easterbarren (Foto Saskia van den Berg) Wy skriuwe ‘the day after’. It Breed le... Fierder lêze »