
Wa't de IFKS de ôfrûne wike in bytsje folge, hat meikrigen dat Eastermar yn it ferslach fan de wedstriden wol hiel faak neamd waard. Want it gie by de grutte A bygelyks oer de GO, de grutte Pier, de vrouwe Jantje, de Sterke Jerke en Eastermar of de Eastermarders. By de lytse A wie dat in bytsje minder faak, mar dan wie it bygelyks "de Broekophâlder dy't moai om 'e tonne sile". En Broekophâlders binne fansels Eastermarders. Al mei al in geweldich stikje reklame foar ús doarp. En wannear't 'it doarp Eastermar' dan ek noch kampioen wurdt.., alle kranten en oare media hiene wiidweidich omtinken foar it skûtsje fan Eastermar.
En hoe moai, wannear der dan op de snein nei de IFKS twa skûtsjes oer de Mar komme. De earste wat beskieden, sûnder al te folle drokte. Mar toch stean der genôch fans foar in moai ûnthaal foar skûtsje de Broekophâlder op 'e loswâl by de Snakkerbuorren. In alfde plak yn de IFKS lytse A; de Broekophâlders kinne tefreden wêze. Sy sile ommers noch mar twa jier yn de IFKS.
En ja, hja wiene wat betider sadat de bemanning fan de BOH tsjin fiven nei de Komerk rinne koe foar in applaus oan dat oare skûtsje, dé kampioen fan dit jier: skûtsje 'it doarp Eastermar'. En hiel Eastermar wie trouwens útrûn foar dat applaus! De hiele wike yn de top fan it klassemint sile en foaral de lêste twa dagen wie it doarp folslein yn de besnijing fan de striid mei Sterke Jerke. Want wurden sjitte te koart: magistraal, in apotéose, bizar spektakel op 'e Lemmer. Mei 0.9 punt ferskil kampioen wurde!
It bestjoer fan Stifting it Eastermarder Skûtsje hie mar in bytsje tiid om alles ta te rieden: de muzyk, de blommen, de sjampanje, de konfettiklappers, de praatsjes fan de foarsitter Anne Elverdink én fan Tineke Schokker, waarnimmend boargemaster fan T-diel. It wie allegear krekt op 'e tiid regele om skipper en bemanning fleurich yn it sintsje te setten. En hoe moai dat skipper Geale Tadema de tiid naam om mei al dy Eastermarders op 'e Komerk de IFKS-wike noch ien kear troch te nimmen, fan hichtepunt nei hichtepunt, fan earste start nei de merakels spannende wedstryd op Lemmer 1 en 2; prachtich!
Skûtsjedoarp Eastermar: de Eastermarders wisten dat al. Mar no wit de hiele wrâld it. En it doarp kin der mar ferhipte grutsk op wêze. Tige tank skûtsjemanlju en -froulju foar in pracht fan in IFKS-wike.
Albert Bakker hat de thúskomst fan de twa skûtsjes fêstlein. Genietsje noch efkes nei mei de fotoferslaggen.
Byldferslach thúskommen skûtsje de Broekophâlder.
Byldferslach thúskommen en de hulde foar skûtsje it doarp Eastermar
-
- Informatie
- 15 november 2026
Skûtsje EA mei trochsetterij wer moai yn't ljocht
Fan it stroomkastje nei de muorre. It Ea-skûtsje sit wer yn de ljochtjes. In prachtich gesicht foar... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 september 2026
Tijdelijke afsluitingen vaarweg vanaf de Snakkerbuorren naar de Lits
vanwege Iepenloftspul “Ea komt it Wetter” in periode van 8 tot 18 september De looproute van het pub... Fierder lêze »