Sinteklaas is wer yn ús doarp oankaam nei in tige lange reis mei syn stoomboat alhiel út Spanje wei. Sinteklaas wie sneon earder al oankaam yn Middelburch en Dokkum, dat wie ek op ‘e televyzje te sjen. Mar yn syn grôtfolle aginda hie er ek dochs noch tiid frijmakke foar Eastermar.
It hie lykwols net folle skilt of Sinteklaas wie ús doarp foarby gien. De ‘Tomtom-pyt’ wie wat yn ‘e beannen dat de boat mei Sinteklaas soe hast trochfarre en wie suver al yn ‘e Rottefalle!
“It leit der hjir no ek sa oars hinne yn dy haven”, sa sei Sinteklaas tsjin boargemaster Postma.
Lokkich kaam it allegear noch goed en kamen Sinteklaas en úteinlik ek de pipernuten op ‘e tiid oan. Neidat Sinteklaas in tocht troch it doarp makke hie, gie er mei de bern nei de gymnastykseal ta.
-
-
-
-
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 november 2024
Intocht Sinterklaas in Eastermar
Sinterklaas is weer in Eastermar! Deze keer niet met de stoomboot maar te voet door de weersomstandi... Fierder lêze »