Ien each op 'e doarpsaginda jout de bikkelhurde werklikheid oan: foar 2009 is it dien mei al dy moaie simmeraktiviteiten yn Eastermar. It silersbarren wie it lêste yn in rige fan geweldich moaie barrens mei, ja hear, moai waar, grutte ynset fan de mienskip fan Eastermar en ien grut genietsjen fan al dy eveneminten en aktiviteiten yn 2009, yn it brûsplak fan 'e Wâlden.
En jawis, wy sjogge út nei it Snertbarren mar oan de oare kant, mei sa'n neisimmer wolle wy der fansels eins noch nea fan witte.
Hawar, it silersbarren. De hoefolste kear hawwe wy it hjir oer? Dizze skriuwer is de tel al lang kwytrekke mar it giet aardich nei it lustrum fan 10 jier ta. Of binne wy dêr al oerhinne?
De opset is simpel, men reservearret in tal sylboaten, siket in lokaasje foar de lunch en bellet in hoareka bedriuw foar it jûnsmiel mei de melding dat der in ploech Eastermarders del driget te kommen mei in bêst stikje skroei yn 'e mage.
Der binne minsken dy 't tinke dat dit barren foar in besletten ploech is dy 't alle jierren in dei moai fuort wol. Mar dat is net sa. Eltsenien kin mei, salang't der mar skippers genôch binne. Dizze kear wie de groep sa'n 40 man en dat betsjut dat der 10 Eastermarders ree wienen de funksje fan skipper fan in polyvalk op te nimmen. En omdat Eastermar him hieltyd mear oppenearret as wettersportdoarp, slagge dat prima. Betûfte silers genôch.
Lykwols hoegden dizze sylleafhawwers dizze dei net echt oan 'e bak. It wie peddeljen, kloetsjen of it bûtenboardmotorke mar even oan om foarút te kommen. Der wie, op in oerke oan it begjin fan 'e middei nei, totaal gjin wyn. De Sleattemer Mar wie ien grutte 'blakte'. Fermeits wie der wol ûnder de sinneleafhawwers, der waard wat mei wetter smiten, der kaam in slokje foar 't ljocht en fierder in protte ôfwaaid praat. Mar dat heart der allegear by. Want in ûntspannen genietsjen is it grutste doel op sa'n dei. En fierder is it hiel aardich om ris te sjen dat it bûten Eastermar (dizze kear wie it Heech, Wâldsein en Badmeester Keimpe oan de Sleattemer Mar) ek moai is. En mei Eastermarders yn 'e kunde te kommen dy 't nij binne of dêr't men domwei noch nea in kear mei praat hat, is ek de muoite wurdich.
En fierder wie dizze dei hiel goed foar it 'ôfkikke' moatten fan in geweldige simmer.
Mei tank oan Oebele Brouwer en Wopke & Froukje Wobbes foar it organisearjen!
Rienk Vlieger
-
- Informatie
- 18 september 2024
Bridgelessen yn it Mienskipshûs
Nei oanlieding fan de workshop bridgen yn de EA Bloeiwike sille der yn de kommende winter bridgeless... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 september 2024
Wês in Krystingel yn Eastermar!
Foar de 3de kear wolle wy mei help fan ingelen de tsjustere dagen foar Kryst wat ljochter meitsje. Wy... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 september 2024
Eastermar is…
... de Russen komme. Dizze 'raket' is bedoeld foar in oefening. De grutte propellerfleantugen boppe... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 september 2024
Donateursavond 'de Broekophâlder'
Geachte donateurs, Graag nodigen wij u van harte uit voor onze sponsor/ donateursavond op vrijdag 18... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 september 2024
Eastermar twa dagen it sintrum fan de wrâld
De Hûnekop iepent it Easterbarren (Foto Saskia van den Berg) Wy skriuwe ‘the day after’. It Breed le... Fierder lêze »