Hoe komt it eins dat it yn Eastermar optilt fan de aktiviteiten? Dreech om te beanderjen is dat net. As in nij inisjatyf goed befalt, is it nei ien kear reden om it nochris te organisearjen. En nei twa jier is der sprake fan in tradysje. En tradysjes binne der om alle jierren te werheljen.

Sa sit it ek mei it silersbarren, dat dit jier al wer foar de sânde kear hâlden waard.
Der hat yn de loop der jierrren wol wat ôfwikseling west. Sa is der begûn mei it silen yn hierde iepen sylboaten op 'e Burgemermar. Foar de feroaring hat men op in bepaald stuit sein, wy wolle earne oars ek ris sjen en kamen telâne by de sylboatenferhierderij fan Sjerp de Vries yn Terherne. Dit idee waard wer ynruile tsjin it hieren fan tradysjonele tjotters op 'e Hegemermar. En sûnt foarich jier is it silersselskip wer werom by Sjerp.

Der stie in moai wyntsje, it wie geweldich waar en der waard in aardige tocht makke de kant fan Langwar út. Dêr waard even skoft hâlden (foto), want ek dat heard der by. Op 'e weromreis foel op it lêst de wyn fuort en diene de twa hierde bûtenboardmoterkes fertuten. Mei in protte nije dielnimmers wie it in gesellige dei. It waard ôfsluten mei in silersbuffet yn paviljoen de Leyen.

silersbarren-langwar.jpg

Oar doarps- en ferieningsnijs: