Yntocht sinteklaas 2025

Op sneon 22 novimber 2025 hie Eastermar wer in waarm en gesellich wolkom foar Sinteklaas. Dit jier kaam Sinteklaas op in bysûndere wize it doarp yn: mei de heftruck én in huifkar waard er, tegearre mei syn Piten, op it Breed ûntfongen troch juf Aly en de bern. De sfear siet der fuortendaliks goed yn, benammen doe’t de Piten de bern traktearren op lekkere pipernútsjes en skomkes.

De optocht sette dêrnei útein en rûn fia de E.M. Beima nei de Twirre, dêr’t de bern fan groep 5 o/m 8 ôfset waarden om in film te besjen, fansels mei wat lekkers derby. Nei dizze koarte tuskenstop gie de rest fan ’e optocht fierder nei de gymseal efter de Marko’s, dêr’t it feest pas echt losbrânde.

Yn ’e gymseal wie it Pitenbingo-gymparkoers in grut sukses. Elk parkoers hie syn eigen Pyt, en de bern plakten entûsjast stickers nei elke útdaging. Underwilens koenen de âlders genietsje fan in lekker bakje tee of kofje, mooglik makke troch Access Catering.

Fansels mocht in meet & greet mei Sinteklaas en haad-Pyt net ûntbrekke. Der waarden in soad moaie foto’s makke, en as prachtige ôfsluter krigen alle bern in moai houten kadootsje mei nei hûs – mei tank oan Webshop De Hoop.

Wy wolle hjirby elkenien hertlik betankje dy’t meiholpen hat oan dizze prachtige dei. Troch jim ynset waard it wer in ûnferjitlike yntocht yn ús moaie Eastermar.

Mei freonlike groetnis,
Fiona Tadema

Besjoch it byldferslach fan Saskia van den Berg

Besjoch it byldferslach fan Albert Bakker

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: