In moaie dei en noch in moaiere jûn. De doarpsaktiviteiten lizze wat stil. In goed momint om ris omtinken te jaan oan de toerist yn Eastermar. Wy hawwe gelok en kinne mei at der in rûnrit organisearre wurdt fan de camping ôf. In eintsje om mei trekker en wein. Wat farske pakken strie as sitplak mei wat healsliten gerdinen der oer hinne, in dikke Massey Furguson der foar en jo hawwe in machtige kombinaasje om in slach mei om. Belangstelling wie der genôch. De camping sit op dit stuit hast fol. Eigner en boer Fokke Benedictus hat der sin oan en kin hast net wachtsje. Klokslach healwei achten riid de trekkerkombinaasje de camping op en even letter kin it spul los.
Wylst hobbyboer en trekkersjauffeur Brouwer kundich oer de sânpaden lavearet jout Benedictus ûnderweis útlis oer lânskip en histoarje. Sa sjochst wer mei hiele oare eagen nei de fertroude plakjes.
-
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 mei 2025
DVBA te gast in Eastermar
Afgelopen weekend kreeg Eastermar bezoek van de DVBA (Dutch Veterans Bikers Association). Een landel... Fierder lêze »