Op saterdei 16 april hat in ploech fan sa’n 40 pylgers tusken 12.15 en 13.00 oere ús doarp oandien. Hja kamen fan ‘e Rottefalle dêr’t hja yn ‘e Fermanje útkonfoaid waarden (heenzending ontvingen). It eindoel wie de Krústsjerke yn Burgum dêr’t as slotaktiviteit in fesper hâlden wurde soe.
De kuier troch ús gea wie opset troch ‘Pelgrimaazje Burgum’ dy’t yn it ferline al mear tochten organisearre hat. Wat begûn mei in lyts rûntsje om de Burgumer Krússtjerke hinne, groeide yn ‘e ôfrûne jierren út ta pelgrimaazjes fanút û.o. Dokkum, Gytsjerk, Stynsgea (Bouwekleaster) en Smelle Ie.
Diskear rûnen de dielnimmende pylgers fia de Mûntsegroppe en de Seadwei nei Fokke – ‘Yn ‘e Lânsdouwe’ – Benedictus om dêr in bakje kofje te drinken en útlis fan Fokke te krijen oer agrarysk natoerbehear. Doe oer Boskwei, Grienewei, Spoekeloantsje, Lange Geastloane, Heechsân, Boerestreek, Seadwei en Grutte Hoarnst nei de loads fan Boubedriuw Swart. Ornaris wurde tsjerkegebouwen brûkt as pleisterplak, mar it slagge de organisaasje spitigernôch net om dat yn Eastermar klear te krijen. Siep Swart hat doe de sprekwurdlike Eastermarder gastfrijens stal jûn, sadat de dielnimmers dêre in bakje snert en it middeisbrochje ite koenen. By dit rêstmomint fertelde Wijbe Postma de pylgers wat oer Eastermar, de omkriten, de skiednis, oer doarpssaken en doarpsgenoaten fan doe en no.
De groep pylgers ferfolge kuierjend de tocht fia Hoarnstwei, Middelwei en Achterwei nei it swimplak. Dêr lei in pream klear dy’t de ploech de Mar oerfear nei de sintrale. Dêrwei waard fierder kuiere rjochting Burgum.
Neifraach by de organisaasje learde dat ek de twadde helte fan ‘e tocht wakker slagge is.
-
-
-
-
- Informatie
- 26 november 2024
Skûtsjewijnactie in Eastermar
Speciale editie! Sûnder wyn kin in skûtsje net farre’. Deze Friese uitdrukking is dit jaar wel zeer... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 14 mei 2024
Dam Jaarsmakuier op woensdag 22 mei
Dam Jaarsmakuier met volksverhalen in Eastermar Theaterkerk Nes organiseert, in samenwerking met het... Fierder lêze »