Op sneon 30 augustus hawwe tûzenen besikers foar de 14e kear de mem fan alle barrens yn Eastermar belibje kinnen.
Der begjint him sa njonkenlytsen in nij fenomeen ôf te tekenjen: de 'Easterbarrenfeteraan'. Minsken dy't alle edysjes fan it Easterbarren meimakke hawwe, dy't alle iepeningsacts sjoen hawwe, dy't artysten oan it begjin fan harren karriêre seagen dy't hjoed-de-dei as de grutte spilers op it Easterbarrenpoadium optrede. Mar net allinne besikers. Der binne ek hiel wat frijwilligers dy't fan 2000 ôf ree stiene om te helpen. Soks seit wat oer de minsken mar noch mear oer it festival.
(Foto Albert Bakker)
Mar ek al hawwe jo al dy 14 edysjes meimakke, it is noch altyd like aardich, ferrassend en fernuverjend. It Easterbarren soarget foar pikefel op 'e earms. Of dat no foar it Frysk folksliet is, songen troch Iris Kroes fanút in heechwurker mei it publyk, of om de blik fan dat lytse famke te sjen, dat foar it earst yn har libben op in pony sit.
De organisaasje ferrint - nei al dy jierren fan ûnderfining - as in Dokkumer lokaaltsje op diesel: eltsenien wyt syn taak. Op 13 poadia tagelyk wikselje de hûnderten artysten harren keurich op 'e tiid ôf. It publyk hoecht mar ien ding te dwaan of eins twa: genietsje en hiel út en troch even skûlje foar in pear reindrippen.
(foto: Rienk Vlieger)
Nei mar leafst acht oeren fol muzyk, teater, acts, keunst en poëzij kamen Nynke de Jong en Anne Elverdink fan de organisaasje it haadpoadium op om in geweldich Easterbarren ôf te sluten mei in tankwurd. Mar ja, om no mei in praatsje ôf te sluten, dat past net by it Easterbarren, neffens Elverdink. Dus Atsje Lettinga en har band SA en Oaren, dy't as ôfslutende band dochs al goed op stoom wiene, mochten noch even troch. En dat ta grut genoegen fan it publyk. De klinkerts op it Breed trillen der oer.
En wa't doe even omheech seach koe de stjerren fanút in heldere nacht oer Eastermar flonkerjen sjen.
Yndie, it wiene wer in hiele protte stjerren tusken de marren op it 14e Easterbarren.
Wa't donateur wurde wol fan Stifting Easterbarren en it programmaboekje mei de gegevens kwyt rekke is, kin kontakt opnimme mei Hetty Kramer: a.kramer42@chello.nl
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 08 juni 2025
10 jier doarpskrante MARNIJS!
De doarpskrante bestiet dit jier 10 jier. Meikoarten falt yn hiel Eastermar it jubileumnûmer yn de b... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 juni 2025
Eastermarder dorpsvlaggen
Het Eastermarder dorpsfeest staat weer voor de deur. Natuurlijk hoort dan de Eastermarder vlag fier... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juni 2025
Doarpsbelang freget jo help foar de nije doarpsfyzje
Eastermar moat in nije doarpsfyzje hawwe. Mar wat is dat eins, in doarpsfyzje? Dat is in plan dêr’t... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 01 juni 2025
Feest bij De Marko’s: Nieuwe batons
Nieuwe batons voor de twirlers dankzij gulle sponsors! Glimmende ogen en grote blijdschap bij de twi... Fierder lêze »