Earbetoan foar de omkommen bemanning
Under grutte belangstelling is op 28 maart in monumint op de Lange Geestlaan troch boargemaster Breuker ûntbleate. It monumint is in metalen betinkingsplaat yn kombinaasje mei in ynformaasjepaniel. It metaal is fan cortenstaal en sil yn de tiid in roestbrune kleur oannimme. Dat lêste is passend by it ûnderwerp: de crash fan in Vickers Wellington bommewerper yn de omkriten fan de Groeneweg, Boskwei en Lange Geestlaan, mei oan board fiif Poalske bemanningsleden fan de Royal Airforce.

It momint fan ûntbleatsjen mei boargemaster Kanter Breuker (l)
Ut namme fan Doarpsbelang fertelde Simon Bosma yn syn ynlieding hoe en wêrom dit monumint der kaam is. Op 3 febrewaris1943, by de crash fan it fleantúch tusken Eastermar en Drogeham, kamen fjouwer fan de fiif Poalske bemanningsleden om. Sy waarden begroeven op it begraafplak fan it Heechsân. Letter, yn 1962, waarden dizze militêren werbegroeven op it Pools Militair Ereveld yn Breda. It is in ferhaal fan 83 jier âld, dat suver ferjitten drige. Boargemaster Breuker hie der letter yn syn taspraak in moaie útspraak oer: it ferhaal is no weromjûn oan it lânskip en de mienskip.
Op it ynformaasjepaniel mar ek op ús eigen webside is ien en oar yn tekst en byld werom te lêzen.
It wie al mei al in moaie seremoanje. Skoalbern fan de Twirre liezen in bysûnder, selsskreaun gedicht oer de oarloch foar. Nei it ûntbleatsjen fan it monumint wie der tiid foar ‘the last post’, twa minuten stilte foar de slachtoffers en it lizzen fan twa krânsen: út namme fan de gemeente Tytsjerksteradiel en út namme fan Doarpsbelang Eastermar.
Opfallend detail wie dat ûnder de seremoanje in âldere frou har opponearre en fertelle koe dat sy yn Eastermar berne waard op de dei dat it fleantúch delkaam. Hja hie dizze moarn der oer yn ‘e krante lêzen en besleat fuort om nei Eastermar te riden om by it ûntbleatsjen oanwêzich te wêzen. De datum op it monumint is dus har bertedatum.
Simon Bosma, inisjatyfnimmer fan it projekt, is bliid dat it monumint der no stiet. Alle ynformaasje oer de crash sammelje en tsjekke te litten, subsydzjes, sponsors en partners fine, it wie in lang mar moai trajekt.
It ferhaal kin no trochjûn wurde oan takomstige generaasjes.
Untbleatsjen momumint crashlokaasje bommenwerper
-
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 mei 2026
Keep them rollin ' passearret Eastermar
Mei gang kamen op 2 maaie likernôch 35 legerweinen by Eastermar del. Gelokkich hiene de manlju en fr... Fierder lêze »