Yn opperste konsintraasje folbrocht Michel van Holsteijn de lêste minuten fan ‘e tradisjonele sigaarsmookwedstriid. En dy ynspanning waard beleanne mei de haadpriis: Michel mei himsels it kommende jier de smookkening fan Eastermar neame.
In prestaasje fan formaat, want der dienen 44 manlju en froulju mei oan dizze osa spannende smokerij. De dames wienen mei 15 dielnimmers yn ‘e minderheid, mar harren ynset, technyk en reekproduksje die foar de hearen net ûnder...
De feestkommisje hie yn ‘e bus blaasd mei de oanskaf fan 50 earsteklassigaren dy’t – as de dielnimmer dat woe – oanstutsen wurde koenen mei in balsahouten roltsje. Boppedat soarge de kommisje derfoar dat de tongen soepel en wiet bleaunen troch foldwaande bier of fris foar de dielnimmers oan te slepen.
De konkurrinsje foar Michel waard foarme troch Jelmer Bloembergen en Edou Ritsma, dy’t harsels resp. nei in twadde en tredde plak paften. De sjueryleden, Benny Westerhof en Wijbe Postma, hienen in bannich oerke om de skoares by te hâlden, mar koenen úteinlik de prizen – trije prachtbekers dy’t letter ek noch as bierglêshâlder funksjonearren - útrikke oan de winnende dampers.
De winners:
Kampioen: Michel van Holsteijn (peukrest 32 millimeter);
Twadde: Jelmer Bloembergen (mei 41 mm.) en
Tredde: Edou Ritsma (mei 47 mm.)
Michel van Holsteijn Yn 'e konsintraasje
Fan links nei rjochts: Edou Ritsma, Jelmer Bloembergen en Michel van Holsteijn
-
- Informatie
- 17 januari 2025
Marnijs editie 47 tot en met 51
Reeds verschenen nummers van Dorpskrant Marnijs zijn digitaal via deze website te downloaden in PDF... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 januari 2025
Verkeersveiligheid in en rondom Eastermar
Al eerder is er aandacht besteed aan de verkeersveiligheid in en rondom Eastermar. In augustus 2023... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 januari 2025
Eastermar is...
...oan 'e Achterwei in oansteand (kryst)beammebosk riker?It begjin is der! Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2025
Pubquiz tbv Alpe d'Huzes/KWF
-
- Informatie
- 01 juli 2024
Uitslag verloting skûtsje 'de Broekophâlder'