linedance_

In ûnderdiel fan ‘e Bloeiwike 2025 dat wis noch neamd wurde moat wie op tongersdei de oefenjûn Linedance yn ‘e fuotbalkoai oan it Harstepaed. Al earder yn ‘e wike, op moandei, soe dêr dûnse wurde, mar de ynstruktrise dy’t de jeugd TikTok-dûnskes oanleare soe, rekke siik en sa moast dy jûn ôfsein wurde. Spitich!

In ploech fan sa’n 30 doarpsgenoaten melde har tongersdeitejûn yn ‘e koai. Bysûnder wie dat der tusken de froulju ek ien (1) manspersoan wie dy’t him de dûnsbewegingen eigen meitsje woe. Dat wie foar in grut tal dielnimmers in pittige opdracht. By de coutrymuzyk- stikken hearden dûnsbewegingen dy’t net elk daliks yn ‘e slach hie. Guons rekken suver mei de skonken yn ‘e knoop om de hak-tik-draai-achter-voor-achter-voor-draai-stamp- teen-tik-bewegingen út te fieren.

Mar… bosken wille by de dielnimmers en dêr giet it úteinlik om.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: