krystmerk690
Foto's: Albert Bakker

Wat bart der wannear de ynset fan ferskillende ferienings en hoareka byinoar komme om mei-inoar yn it sintrum yn Eastermar in krystmerk mei iisbaan op te setten? It resultaat wie geweldich! Wat in waarm, noflik, gesellich, leuk barren! De keunstiisbaan foar de bern wie in boppeslach, dêr't de jeugd op freed al fan genietsje koe. De sneontemiddei en -jûn wie foar elkenien en dy kamen der dan ek. It wie of  hiel Eastermar ta wie oan in gesellich treffen, It wie drok! De snert, de krystferskes, de rook fan glühwein, de ljochtsjes, de krystbeam oanklaaid mei persoanlike krystballen, de diskes; de kryststimming siet der goed yn.
De diskes wie in moaie miks fan Eastermarder niffelwurk en ferkeapers fan bûten it doarp.

Ien fan de dielnimmers oan de krystmerk sei: "De organisaasje wie dik foarinoar, it waar koe net moaier en foar ús wiene der moaie grutte diskes. En wat in drokte! Wy hawwe goed ferkocht en echt hiel gesellich! Moai dat der wer ris wat te dwaan is yn ús doarp. En trouwens ek leuk om te sjen wat oare doarpsgenoaten meitsje en ferkeapje."

Alle dielnimmende ferienings, hoareka, muzikanten en organisatoaren: tige tank foar de ynset!

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: