Om't de fuotbalkoai oan ’t Harstepaad foar de simmerfakânsje in grutte opkreasbeurt krige hie, woe de Behearsgroep Fuotbalkoai Eastermar it jierlikse koaitoernoai wat grutter opsette.
Foar de skoalfakânsje en fuort dêrnei ynventarisearren leden fan ‘e behearsgroep it tal entûsjastelingen dat wol dielnimme woe. Der joegen har 30 basisskoallebern op, ek in fikse groep famkes. It úteinlike tal sporters dat ôfrûne saterdei opdraafde wie 14 en net ien famke (!?). Ek de winner yn 2018 fan ‘e Klaas van der Ploegbokaal kaam net om syn trofee te ferdigenjen.
Mar… dyselden dy’t der wól wiene ha in moaie en sportive middei hân.
De behearsgroepleden hiene in hiel aardich programma foar de spilers úttocht. Der waard start mei ‘blokjefuotbal’ en dat waard fanatyk spile, sadat dizze earste ronde al binnen tsien minuten beslikke wie.
Neist in ûnderlinge kompetysje fan lytse ploechjes yn ‘e fuotbalkoai, koene de groepkes har keunsten ek sjen litte by ’t heechhâlden, latsjetraap, boochjebal en de fuotbalestafette. Al dizze ûnderdielen diene in grut berop op de balfeardigens fan de dielnimmers.
Uteinlik kaam tiim 2, besteande út Hindrik Oosterman, Klaas Sybren Offringa, Jorn Dittfeld en Teake Tjoelker, as bêste út de bus.
De einronde, dy’t bepale soe wa’t de Klaas van de Ploegbokaal in jier lang thús te pronk sette mei, bestie út it skoaren fan in ‘panenka’ troch de leden fan it winnende tiim 2. Dy finale wie bloedspannend, want Hindrik Oosterman en Teake Tjoelker hiene in soad striid om de bal mei in moai boochje fan ‘e middelline ôf achter de doelline stuitsje te litten foardat er it ‘net’ rekke.
Dochs waard by einbeslút Hindrik Oosterman de winner en koe hy de bokaal yn ûntfangst nimme.
De Behearsgroep Fuotbalkoai
(Bram van der Bij, Klaas Albert Dijkstra, Piet Hogendorp, Jacob Jan Ozinga, Jurre Jan Venema, Tjeerd Dijkstra, Hendryk Dittfeld en Wijbe Postma)



-
- Informatie
- 15 november 2026
Skûtsje EA mei trochsetterij wer moai yn't ljocht
Fan it stroomkastje nei de muorre. It Ea-skûtsje sit wer yn de ljochtjes. In prachtich gesicht foar... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 19 april 2026
Presentatie opleiding Management van de Leefomgeving
Afgelopen weken hebben wij, studenten van de opleiding Management van de Leefomgeving aan de hogesch... Fierder lêze »