Lykas yn ‘24 waard ek dit jier op de freed fan ‘e Bloeiwike in koaitoernoai organisearre troch de Behearsgroep Fuotbalkoai Eastermar. Dêr kamen 20 bern tusken de 8 en 14 jier op ôf. Krekt genôch om it gehiel goed ferrinne te litten.

De dielnimmers moasten in tal ‘stasjons’ bylâns dêr’t hja har fuotbalfeardichheden sjen litte koenen. Der waard op kegels sketten, blokjefuotbal spile, de bal ‘heechhâlden’, op in opblaasber Dartsskerm mikt, yn de KEaRN-bus it FIFA-spul spile en twa kear in partij ôfwurke yn de koai. De tiims bestienen út trije bern en ien tiim hie twa dielnimmers. It – yn ‘t ôflizzen fan it sirkwy – behelle puntental bepaalde wa’t de finale om de beker spylje mocht. Dy finale waard úteinlik wûn troch Ruben Dijkstra en Jelte Douwes.

Hja krigen de beker útrikt en wienen ape-grutsk. Alle dielnimmers en de organisaasje waard troch it bloeiwikekerntiim traktearre op patat.

koaitoernoai

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: