Likernôch 75 folwoeksenen en 50 bern hawwe gebrûk makke fan in unike kâns: oanskowe foar it jûnsiten midden op it Breed oan ien enoarme lange tafel. Sa lang dat er yn trije parten opdield wurde moast.
De jûnssinne blikkere oer it Waltsje, de hearlike rook fan it sels meibrochte iten wie oer de hiele Beima op te snuven, de tafels mei de útstalde skalen seagen der ferliedlik út, it wetter rûn... hawar, folje sels mar yn.
"No moast mines ek even priuwe." "Dit is in kulinêr hichtepuntsje, kin ik it resept miskien fan jo krije?"
Mei-inoar ite sa as it bedoeld is: gesellich en och-sa lekker. Hoe simpel kin wier itersgelok wêze.
Wie it no de langste tafel ea of de langste tafel yn Ea? Noja, wat makket it út, want wat in Eastermarder makket, dat smakket.
Al wer in tige slagge ûnderdiel fan de Bloeiwike. Mei tank oan de frijwilligers.
Mear foto's yn it byldferslach
-
- Informatie
- 11 juni 2025
Brouwer&Brouwer BV verlengt hoofdsponsorschap skûtsje Ea
Brouwer & Brouwer BV heeft vrijdag 16 mei het sponsorcontract met 3 jaar verlengd.Hier zijn wij als... Fierder lêze » -
- Informatie
- 08 juni 2025
10 jier doarpskrante MARNIJS!
De doarpskrante bestiet dit jier 10 jier. Meikoarten falt yn hiel Eastermar it jubileumnûmer yn de b... Fierder lêze » -
- Informatie
- 07 juni 2025
Eastermarder dorpsvlaggen
Het Eastermarder dorpsfeest staat weer voor de deur. Natuurlijk hoort dan de Eastermarder vlag fier... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juni 2025
Doarpsbelang freget jo help foar de nije doarpsfyzje
Eastermar moat in nije doarpsfyzje hawwe. Mar wat is dat eins, in doarpsfyzje? Dat is in plan dêr’t... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 06 juni 2025
Doarpsbelang freget jo help foar de nije doarpsfyzje
Eastermar moat in nije doarpsfyzje hawwe. Mar wat is dat eins, in doarpsfyzje? Dat is in plan dêr’t... Fierder lêze »