Wylst tonger en wjerljocht fan 20.00 oere ôf om Eastermar hinne fleagen baarnde der yn it doarp in waarm, noflik Easterbarrenfjoerke. De hiele dei hiene besikers fan it strjitfestival al genietsje kinnen fan geweldige muzyk, teater, keunst en sinneskynwaar. It publyk liet him op 'e jûn troch dat bytsje tonger yn ‘e fierte net ferjeie. No ja, der foelen in pear drippen doe’t Lechery om 22.00 oere úteinsette mar dy hiene gelokkich in sterke blazersseksje op it poadium stean en mei it nûmer ‘Thunderstorm’ waard dat buike gau-eftich weiblaasd en koe it feest drûch en yn in prima sfear ôfsluten wurde.
It wie drok, ferhipte drok. Mar dochs bleau it gesellich, ek om it grut tal besikers him prachtich fersprate oer de ferskate terrassen en foar de 12 poadia. De nije opset mei it poadium op it parkearplak fan Meerzigt bygelyks wie in grut sukses. Guon minsken hawwe der de hiele middei net wer wei west. En ek it gersfield foar it BetterSkip oer wie in noflik plak om mei in drankje te genietsjen fan it oanbod fan muzyk.
De organisaasje is der wer tige goed yn slagge om in prachtige fariaasje oan artysten oan it publyk oan te bieden. Tige tank, minsken! En wy sjogge fansels út nei 2020 foar de tweintichste edysje!
Bricquebec, de iepeningsact, soarge foar in muzikaal hichtepunt op it Easterbarren. Foto Saska van den Berg
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 april 2022
Containerdrummers in Eastermar
Zaterdagmiddag 9 april 2022 was de première van de nieuwe show van de containerdrummers van De Marko... Fierder lêze »