
Iepener fan it Easterbarren 'Bildstar' luts in protte besikers, foto Saskia van den Berg
Besikers, dy’t noch net sa goed yn ‘e kunde kaam wiene mei it strjitfestival, brochten de reinjas mei. Hoegde dus net. Al jierren leit der tidens it Easterbarren in bubbel oer Eastermar en fleane de buien om it doarp hinne. Hjir skynde de sinne en it smiet in fleurich, simmersk barren op.
Dy selde besikers rekken nei healwei trijen yn ‘e bubbel fan it Easterbarren sels. Underdompele yn de muzyk, it teäter, nij - en bekend talint. Troffen troch in stem, in grap, in pikefelmomint. In dei om alle grutte - en lytse wrâldsaken te ferjitten. In dei om inoar te treffen en te genietsjen. De nije slogan foar it doarp is ‘Eastermar, it moetsjen wurdich’. Dêr hoecht neat mear oan taheakke te wurden nei sa’n geweldich slagge strjitfestifal.
Organisaasje: tige tank!
De tradysje is dat der altyd fotografen fan eastermar.nl omrinne om byldferslaggen te meitsjen. Hjirûnder it resultaat.
Boppedat binne ek de fotoshoots fan Sjut & Sjikke (Iepenloftspul Eastermar) op dizze side publisearre.
- Byldferslach Easterbarren troch Jan Kooistra
- Byldferslach Easterbarren troch Saskia van den Berg (protte foto's, it laden duorret efkes)
- Sjut & Sjikke fotoshoot Iepenloftspul Easterbarren troch ferskate fotografen
-
- Informatie
- 15 november 2026
Skûtsje EA mei trochsetterij wer moai yn't ljocht
Fan it stroomkastje nei de muorre. It Ea-skûtsje sit wer yn de ljochtjes. In prachtich gesicht foar... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 september 2026
Tijdelijke afsluitingen vaarweg vanaf de Snakkerbuorren naar de Lits
vanwege Iepenloftspul “Ea komt it Wetter” in periode van 8 tot 18 september De looproute van het pub... Fierder lêze »