Eastermar slacht foar master op

Mear typjearend koe wethâlder Fokkema it yn syn taspraak by de iepening fan 'de Kjellingen' hast net sizze. Earst de Komerk, doe it skûtsje en dan no ek noch sa'n prachtich multifunksjoneel gebou riker. Dit wiene de priizgjende wurden fan Fokkema foar it doarp en alle organisaasjes dy 't meiholpen hawwe om ien en oar te realisearjen.

Image

>

Foarsitter Hamstra fan de fer. foar Doarpsbelang wie ek hiel optein mar hie dochs in lyts puntsje fan krityk: "Mei de komst fan dit gebou sjogge wy moarns by it brochje yn de keuken de sinne yn it westen opkommen. Dat moat och sa wenne." Hamstra doelde op it wite dak fan it rûne part fan it gebou, dat it sinneljocht reflektearret yn de ruten fan de huzen oan it Hôf.
Oanwenjende frou Zuiderveld brocht spontaan nei foaren dat hja tige wiis is mei it nije gebou en ek mei de blommen dy 't de omwenjenden fan it 'Woningbedrijf' krigen as goedmakker foar de oerlêst it ôfrûne jier. Dit yn tsjinstelling ta de omwenjende hear Nicolai, dy 't de blommen oan de wethâlder werom joech. Nicolai wie dúdlik minder tefreden...

De iepening fan de Kjellingen kaam del op mar leafst trije ûntbleatings. De yngong by KBS de Balsemyn, dêrnei de yngong fan IBS de Bolster en doe noch dy fan it gebou sels. Dit lêste barde troch wethâlder Fokkema, dy 't dêrnei as earste offisjeel it nije gebou ynstapte. Doe wie it oan de ynwenners fan Eastermar om it gebou ris fan binnen te bewûnderjen.

Samar in pear opmerkings:
"It is in mega-gebou."
"Moaie lokalen fan de Balsemyn.., of heart dit by de Bolster? Oh, no.., ek moai."
"Ik mis wol it skoalleboerd."
"Wêr sitte dy pjutten no?"
"Moatte wy aansen hjir no ek nei de fysioterapy?"
"It is in moai apparaat mar ik moast ôfgryslik wenne oan de kofje."

Image

Wieny Toren, projektlieder fan de gemeente Tytsjerksteradiel, soarge foar in ferrassing. Op har inisjatyf waard hjoed yn de LC en de Drachster Courant de Kjellingen yn in grutte advertinsje lokwinske mei de iepening. It ôfrûne jier hat Wieny Toren yn de BREEDút en op dizze webside de Eastermarders op 'e hichte hâlden fan de bou.

De Kjellingen, de namme is betocht troch Eastermarder A. Timmerman, is in unyk gebou om't der sa'n grut ferskaat oan foarsjennings yn ûnderbrocht is: twa basisskoallen, in pjutteboartersplak, de jeugdsûnenssoarch en in soarchstipepunt. Boppedat bestean de boppe-etaazjes út 14 apparteminten. Eigner fan it gebou is 'Corporatieholding Friesland'.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: