Mei in ferskil fan ien millimeter hat Gepke Hoekstra in suksesfolle oanfal op it mannebolwurk sigaarsmoken dien. Hja hâlde de winner fan ferline jier, Sipke Hoekstra én Roelof Faber – ek al in priiswinner yn eardere edysjes – achter har. De oare dielnimmende froulju huldigen by de priisútrikking har seksegenoat mei de gjalp: “Girrrrrrlll powerrrrr.”
De dielname oan dizze tradisjonele wedstriid yn ‘e doarpsfeesttinte wie saterdeitemiddei wer oerweldigjend. Om’t der mar fyftich sigaren beskikber wienen, moast der ek dit jier wer in groepke (te) lette oanmelders teloarsteld wurde.
De feestkommisje hie besletten om de wedstriid nei in heger plan te tillen en liet dêrom de konfrontaasje tusken de dampende dielnimmers op it grutte poadium plakfine. In goede set want sa hie it publyk goed sicht op de titanestriid.
Net allinnich Eastermarders fochten mei mekoar om de heechste eare. Lykas oare jierren wienen der no ek wer dielnimmers fan bûten ús doarp wêrby’t de Kamminga’s fan Twizelerheide mei fjouwer persoanen sterk fertsjintwurdige wienen en mar tapaften.
Wapene mei skomaat en administraasjemateriaal moasten sjueryleden Toop v.d. Velde en Wijbe Postma har wei fine troch de ‘wolken van genot’. By it bepalen fan ‘e folchoarder fan priiswinners die him de sitewaasje foar dat Sipke Hoekstra en Roelof Faber in peukje oer hienen mei eksakt deselde lingte: 18 millimeter. Nei oerlis mei de sjuery die Sipke in sportive stap tebek troch te melden dat de beker foar de tredde priis him like dierber wêze soe as dy foar de twadde.
Sadwaande koe de sjuery nei rom oardel oere de útslach bekend meitsje:
1. Gepke Hoekstra (17 millimeter);
2. Roelof Faber (18 millimeter);
3. Sipke Hoekstra (18 millimeter).

-
- Informatie
- 15 november 2026
Skûtsje EA mei trochsetterij wer moai yn't ljocht
Fan it stroomkastje nei de muorre. It Ea-skûtsje sit wer yn de ljochtjes. In prachtich gesicht foar... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 30 augustus 2026
Easterbarren yn ’e rein mar mei wille!
Foar it earst sûnt jierren reinde it sa no en dan by it Easterbarren. Mar it koe de wille net drukke... Fierder lêze »