Net mei de belle fan doarpsomropper Syb van der Meulen mar mei in enoarme klap tonger wie it begjin fan it Eastermarder Doarpsfeest, edysje 2017, in feit.
De reinbui dy't tongersdei om fiif oere Eastermar ôfkuolle, krige in waarm wolkom. De feesttinte wie dêrtroch tongersdeitejûn kwa temperatuer hiel wat draachliker. En dat wie ek mar goed want it doarpsfeest sette útein mei in topjûn. Fol spanning wachten de Eastermarders ôf hoe't it kabaret útpakke soe. It wie in grut sukses, in hichtepunt nei in tarieding dêr't yn jannewaris al mei úteinset wie.
It waar wurke net altyd mei tidens it doarpsfeest, benammen op sneontemoarn by de diske- en feemerk. Mar dochs wie it oeral yn it doarp gesellich, fral yn de feesttinte.
Hiel even like it der op dat Michel van Holsteijn in hattrick meitsje soe en trije kear achterinoar it sigaarsmoken winne soe. Hy en Robert Tienstra kamen beide op deselde lingte út: 2,8 sm. Miskien wol foar it earst yn de tradysje fan it sigaarsmoken moast in twadde ronde útmeitsje wa't mei dé beker nei hûs koe. Dizze ronde waard net spile mei in sigaar mar in sigaret. En doe blykte Robert justjes better en wie de earste priis foar him. Simon Dijkstra waard tredde.
Feest-, spultsje-, diskemerk-, sigaarsmook- en feemerkkommisje, ehbo, bartappers, muntsjeferkeapers, akteurs, artysten, muzikanten, befeiliging, hoareka, frijwilligers en buertferienings: tank wer foar in machtich feest!
Foto Saskia van den Berg
-
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze »