Wat in drokte op 'e Beimastrjitte. Parkearoerlêst en rûnom groepkes keuveljende froulju. Wat bart der no wer yn Eastermar? Wy rinne it hiem op fan nr. 50. It liket wol in sêne út Midsomer Murders, mar dan sûnder lyk. Moai oanklaaide froulju yn Ingelske sfearen oerhearskje it tafriel. Tafels mei in grut ferskaat oan snypsnaren, beskildere diggelguod, glinsterjende sieraden, sjike shawls en holledoekjes, hearlik gebak en taart, swiete jam, quiltersguod, poppen en tassen, houten meubels, nifelwurk, it hâldt net op. Nijsgjirrige froulju besjogge, betaaste en beknipe de spullen dy't oanbean wurde. De keapfroulju efter de tafels ferjitte de oeren dy't sy yn har business stutsen hawwe no't beurzen út de taskes komme en der flink hannel dien wurdt. Oeral binne sitsjes om te bekommen en om tee te drinken mei de pink omheech. De pear oanwêzige manlju stoarje foar har út of tomkedraaie ûnrêstich. Dit is net har plak. Hjir dominearret de frou, dit is har domyn. Hjir kin eltsenien dy't fan nifelje, iten siede en oanklaaiing hâldt it hert ophelje.
De wat better ynformearre lêzer wyt al lang wêr't dit stikje oer giet. Wy binne op de 'skuorrefair' bedarre, in inisjatyf fan it Quitershûske. Mar leafst 12 standhâlders binne fertsjintwurdige. En sjoen nei de drokte is der ferlet fan sa' n barren want lang net alle besikers komme út Eastemar. Nee, út hiel Fryslân wei liket it wol. Eastermar libbet, brûst, ek sûnder hynstespektakel.
-
- Informatie
- 18 juli 2025
Kledingmarkt met een kleedjesmarkt voor kinderen
Zaterdag 16 augustus 2025 van 11.00 – 14.00 uur, de Kjellingen Kom je ook naar onze gezellige tweede... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »