Teplak
Tongersdei 3 maart… appke fan Jan Bijlsma... fraach fan Rienk Brouwer: kinne wy as tsjerke fan Eastermar yn gearwurking mei Jistrum en Bûtenpost ek helpe mei in ynsammeling fan ‘Hulpgoederen’ foar de flechtlingen út Oekraïne?
It berjocht gelyk trochstjoerd nei de Diaconie, mar dêr moast it earst noch goedkard wurde, sa giet soks, mar dat duorret te lang. Dêrom trochstjoerd nei de groepsapp 'Krystingelprojekt’: sis froulju, is dit wat foar ús of helje wy ús te folle wurk op de hals? En dy froulju stiene samar oan! Aksje! Jawis… dogge we!
Opslach? Bouwe de Jong? En ja hear, dy wie ek samar om! Romte beskiber.
Dan hjir en dêr noch wat bekendheid jaan ûnder de minsken en dat wie eins ek samar klear. Sa koene wy de dei dêrop, 4 maart, al los.
Wat in aksje; it earste guod waard brocht en dat gong de 2 wiken dêrnei troch en hoe… alderraarst, wat waard der wat ynbrocht, ek fan omlizzende doarpen kaam help.
Op it Wytfean en de Rottefalle koe men guod ynbringe, de tsjerke fan Drachten brocht in fracht guod. Eins alles wat der op it listje fan Stichting Mensenkinderen stie kaam binnen: heaters (ferwaarmingsapparaten), iten, matrassen, pampers, hygiëneprodukten en neam mar op. Mar dêrneist ek noch in pear hûndert euro oan donaasjes, dy't wy omset hawwe yn iten en foar in part oermakke hawwe nei Stichting Mensenkinderen om de ûnkosten fan it transport mei te beteljen.
Op saterdei 19 maart is alles mei help fan in soad frijwilligers op pallets set foar transport en op 22 maart is de hiele hannel nei Drachten gien dêr’t alles, ek fan de oare doarpen, ferdield is oer 4 frachtweinen. Mei ek noch in pear kúb ierpels en sipels fan in bouboer!
It lytste, mar miskien wol it meast weardefolle dat meigiet yn de fracht, is in doaske post fan de learlingen fan 'de Twirre', spesjaal bedoeld foar de flechtlingen, mei bemoedigjende teksten. Gelok sit meast yn lytse dingen...
Op snein 27 maart om 10 oer hinne binne de 4 sjauffeurs fertrokken, reisdoel Moldavië. Yn dit earmoedige lân wurde sa'n 200.000 Oekraïense flechtlingen ferwachte.
Dêr binne ‘hulpgoederen’ mear as wolkom, alles yn gearwurking mei Stichting Mensenkinderen, dy't dêr minsken yn it wurkfjild hat.
En we kinne sizze dat de 4 manlju teplak binne, in dei letter as ferwachte, hja moasten noch 6 oeren wachtsje by de grinsoergong, mar der koe dan dochs einlings yn Moldavië lost wurde. Hjoed it lêste adres fan de 8 plakken/tsjerkjes dêr’t lost wurde sil.
De bernepost is oerhandige troch ien fan de sjauffeurs dy't der de hiele reis goed op past hat. Wy binne sels troch ien fan de sjauffeurs op de hichte hâlden fan harren reis. Ien fan de manlju neamt it in ‘bijzondere, dankbare gebeurtenis'.
Foar elkenien dy’t op hokker wize dan ek wat bydroegen hat, tige tank! Wêr’t in lyts doarp grut yn is.
No wolle wy as lêste noch in fotoferslach mei jim diele en, net te ferjitten, de hoop útsprekke dat de 4 helden dy’t ûnderweis binne, feilich thúskomme meie.
Ingeleprojekt Eastermar
-
- Informatie
- 26 september 2023
SIES Donateursilen 2023
Sneon 23 speptimber wie it jierliks donateursilen mei it Eastermarder skûtsje.De opkomst wie goed en... Fierder lêze » -
- Informatie
- 25 september 2023
Buurt De Kamp zit er weer prima bij op Burendag
Traditiegetrouw werd Burendag weer gevierd door buurtvereniging De Kamp in Eastermar. Na koffie en g... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2023
Pat Zijlstra (de Zandloper) stookt ‘Oerfryske’ whisky
Us dream komt út! Al tijden schreef Geesje Zijlstra op het bord van de Zandloper over hoeveel dagen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 21 september 2023
Verse groente van de Iterstùn
Donderdagavond 21 september (7 tot 8) zijn de volgende groenten te koop op de Iterstùn SpinazieRode... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 25 juli 2023
Inzameling goederen voor Moldavië en Oekraïne
Voor de 4de keer komt er een transport met hulpgoederen voor Moldavië en Oekraïne. Moldavië vangt ve... Fierder lêze »