"Wêr komme sa 'n protte minsken ynienen wei?", frege de sleepboatskipper fan de 'Feint' him ôf, doe't juster om fjouwer oere in hiele kloft minsken nei it eilantsje op de Komerk kaam om de offisjele iepening fan it rekreaasjegebiet by te wenjen. Mei alle útnoege gasten en gastpassanten wienen de doarpsbewenners tsjûge fan it oanbieden fan de flagge fan de Komerk troch, hoe kin it ek oars..., in ko.

Boargemaster Polderman, dy't syn taspraakje folslein yn it Frysk hâlde, pakte de flagge út de bek fan dizze dochs wol aparte ko en dêr gie it flaggedoek omheech. Doe wienen der even gjin wurden, allinnich it 'Klink dan en daverje fier yn it rûn', begelaat troch it Joost Wiersmakorps. Foar guon frijwilligers wie de iepening fan it kompleks dochs wol in spesjaal momint dêr't hast tsien jier nei tawurke is.
Fanwege it waar waarden de fierdere offisjele hannelingen yn de feesttinte útfierd: it symboalysk oerlangjen fan it roer, fan Stifting PAREL oan Stifting de Komerk. De Stifting PAREL dy't sa lang dwaande west hat om dit projekt te realisearjen en de Stifting de Komerk, dy't it behear kriget oer it gebiet, de havens, it foarsjenningsgebou en de iisbaan.

Image
Boargemaster Polderman kriget de flagge 'oanbean'

"Wêr komme dy bern ynienen allegear wei?" frege in boatsjepassant him ôf, doe 't 80 bern mei de moaiste klompen en sylskippen yn de file stean moasten om har yn skriuwe te kinnen. Krekt op 'e tiid draaide de wyn wat mear nei it westen. Krekt op 'e tiid foel de hurde wyn fuort en treau in koeltsje de skipkes rjochting de finish. Fansels binne der altyd guon dy't fuortendaliks koers sette de kant fan de Burgumer Mar út. Mar speaker Wijbe Postma hâlde alle boatsjes goed yn de gaten. Altyd aardich om by sa'n evenemint te wêzen: de fanatike pakes en heiten, de opteine of teloarstelde bern en de moaiste kreaasjes op it wetter. De iene klomp sloech om, in oare sylde yn de wyn op. In treddenien rêde it net op troch averij. En applaus doe't de earste trije oer de finish kamen. En applaus foar de 'Broekophâlders', dy't de silerij muzikaal stipen. Fan de Snakkerbuorren ôf, mei de flaggen op alle huzen én by WSB de Lits, wie it in prachtich tafriel.

Image
Dielnimmer oan de klompkesilerij

"Wêr komme al dy muzikanten wei?" frege de skipper fan in klassike opdrukker 'Res Nova' him ôf. Nei it klompkesilen waard it wiet yn Eastermar. Geweldich dat de organisaasje dêryn foarsjoen hie en op it parkearterrein fan de Komerk in pracht fan in tinte delset hie. It poadium fan de Bolster, it piipkrûd fan de Mâlewei, de catering fan paviljoen de Leyen, de lampkes fan de OVE, de flachjes fan in buertferiening, de fleurige flagge fan de wettersportferiening, ensafuorthinne. En... al dy muzikanten út Eastermar.
Wêr komme al dy muzikanten wei? Spitigernôch koe it konsert fan 'Albert' fan it Heechsân troch technyske problemen net trochgean. Mar mei tank oan de geweldige muzykkoördinaasje fan Simon Dijkstra wie dêr ynienen Jelle B, 'all the way from Dokkum' dyt lykme-allinne op it poadium de tinte op 'e kop sette. Doe hie der al in super bluesbandoptreden mei in heech Eastermargehalte west. Mei û.o. Sytse 'great to be here in Rotterdam' Wilkens op bas. En sjonge kin de man ek noch! Dy Sytse fertsjinnet in djipte-ynterview yn de BREEDút! En wa't dy twa kanjers fan sjongeressen wienen? Komme dy ek út Eastermar? Dogge sy yn dit doarp oan fotomodellen of sa?
Want de grutste klapper kaam oan de ein. Eastermar hat goud, in tophit yn hannen mei it nûmer 'Parel' De band fan Simon Dijkstra en jawis, dêr wienen se, foar it earst mar hooplik net foar it lêst tegearre op it poadium: Wietske en Jantine van der Zee. It safolste hichtepunt fan dizze 11e maaie.
Tsjin dy tiid rûn in tal famkes wat sweverich om op har nije ombongelplak, it bankje ûnder it dak fan it foarsjenningsgebouke. Sy preuvelen wat foar har út. Tefolle bier? Mis. Grutsk hellen se in kaart út 'e bûse. In kaart mei in hântekening fan... Jelle B.

Image
Wietske en Jantine van der Zee

"Wêr komme al dy iters wei?" frege de skipper fan de 'Veteraan' him ôf, nei't er al in pear kear op it skouder slein wie. "Jo wienen op televyzje justerjûn!" Jawis, suterich waar of net, Omrop Fryslân Televyzje hie op de Komerk en yn it doarp ynterviews hâlden. En Feike Hamstra hie ek op de radio west en hie it oer in ekonomysk barren yn Eastermar. De 20 winkels en de hoareka moatte yn Eastermar ek troch de tiid. It is wichtich dat dy fiiftûzen passanten hir komme. Fiiftûzen? Jawis, jo moatte optimistysk wêze, lei Hamstra út.
En optimistysk wienen al dy moarnsmiel-iters. Optimistysk én fleurich genoaten likernôch hûndert Eastermarders en passanten in de feestinte fan in, troch de ûndernimmers út it doarp organisearre, moarnsbrochje. "En ferjit net om nei ôfrin in hearlik stikje fruit te priuwen", trune Jannes Hamstra, koördinator fan dit safolste barren, de sûne iters oan.

Image
it 'Moarnsmielbarren'


12 maaie. "Wêr bliuwe al dy minsken no?" fregen de frijwilligers fan de toeristeynformaasjepost Eastermar e.o. har ôf. De rûtes foar de kuier- en fytstochten leinen klear. Doarpsgidsen soenen mei ynteressearre kuierders op 'en paad. Der hie in praatsje op de radio west, it hie yn de krante stien. Mar nee, it waard him net, it waar wie gewoan te suterich. Mar it doarp hat noch de hiele simmer om dy 5000 toeristen in gastfrije ûntfangst te jaan. En it moaie is dat Eastermar it tenei wiermeitsje kin, want de Komerk is lang om let iepene!

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: