

It lêste wykein yn de kompetysje 2026 fan de feriening De Fryske Boerepream en de feriening De Nije Sylpream. Oan de start 5 preamen fan De Nije Sylpream en 10 dielnimmers fan De Fryske Boerepream.
Foar de Fryske Boerepream wie it de earste kear yn Langwar. No't alle wedstriden mei-inoar syld wurde yn twa klassen, wie de kar fallen op Langwar, wêr't de Nije preamen fan âlds harren lêste wedstriden hâlden ha. De âlde haven yn Langwar wie noflik fol en it waar hie it goed mei ús foar. Net al te kâld en in moaie matige wyn út súd-west op sneon en west-noardwest op snein. Yn de nacht in bytsje rein mar fierder drûch. Op sneontejûn hie Hilda in hearlike barbecue regele en koe der noch efkes noflik neipraat wurde.
Saskia hie de banen der wer goed yn lizzen en dus koe der foar eltsenien wer skitterjend moai syld wurde. Sawol op sneon as op snein gjin ien inkelde falske start. Betsjut dat dat der noch hieltyd te min risiko naam wurdt? Of ha wy de timing sa goed yn 'e slach krigen? Hoe dan ek, nei elts startsinjaal folge in moaie wedstriid en wie it wer spannend wa 't as earste ôffluite wurde soe. Mar ek dêrnei wie der net ien dy't in oar wol efkes foargean litte woe.
Foar wa 't der net by wêze koe, Jelte v/d Meer fan Skydrone Sloten hat wer in skitterjend moaie fotoreportaazje makke. Klik op link: Foar it ûltsje net noadich, dy hat alles sjoen.
https://www.facebook.com/search/top?q=skydrone
De priiswinners fan it wykein:
1 - nr 47: Utrinner Errit de Jong
2 - nr 22: Symen Durk Sjouke Kalsbeek
3 - nr 36: Boereswel Sietse Bruinsma
Utslach fan de kompetysje:
1 - nr. 22: Symen Durk Sjouke Kalsbeek
2 - nr. 47: Utrinner Errit de Jong
3 - nr. 36: Boereswel Sietse Bruinsma
Sjouke Kalsbeek en Gerben Gerbrandy mei nr. 54 Warber wiene beide 5 plakken omheech gong ten opsichte fan 2025.
By de Nije Preamen wie it Tony Kleinhuis dy't syn titel prolongearre. Op it twadde plak Eelke Dijkstra mei de nr.4 en op it tredde plak Klaas Jan Koopmans mei de nr. 1.




-
-
- Informatie
- 07 oktober 2026
Eastermar is...
... ûnderweis each hâlde foar lytse dingen. Fierder lêze » -
- Informatie
- 28 september 2026
Nijs út it Mienskipshûs
Simmer Hoewol’t it simmerfakânsje west hat, wol dat net dizze dat it Mienskipshûs net brûkt is. De hi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 23 september 2026
Informatie werkzaamheden brug Eastermar; gestremd vanaf do. 8 oktober 19.00
Begin oktober 2026 start aannemer TruSteel Infra met het onderhoud van de brug over De Lits in Easte... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 04 mei 2026
Eastermar is...
... sylpreamhaven. Tusken de prolooch en de wedstriden op 9 en 10 maaie op de Burgumer Mar binne de... Fierder lêze »