De tongersdeitejûn fan it doarpsfeest wie ien grut muzykspektakel mei geweldich Eastermarder talint. Hichtepunten binne eins net te neamen want dan moatte wy kieze tusken, om mar in pear willekeurige saken te neamen, de prúk fan Jeltine, de huodsjes fan Michel en Sytse, de bleate búk fan Sjouke, de jurk fan Boukje, de stim fan Diny of fan Wietske, de power fan Sipke, de solo fan Tjibbe, de strakke beat fan Niels, ensfh, ensfh. De band Lechery hie in grutte ûnderstypjende rol en die dit mei in soad entûsjasme.
In protte Eastermarders hiene de oprop goed begrepen (it tema wie Frysk) en kamen yn de moaiste útfoeringen fan pompeblêden de tinte yn.
De jûn sette wat rommelich útein omdat it publyk hiel wat by te praten hie en de rol fan de twa poadia noch net hielendal dúdlik waard. Mar dat waard al gau oars doe 't de krêft fan dizze formule nei foaren kaam. Bands koene harren tariede op poadium ien wylst it publyk him fermakke mei paodium twa en oarsom. Hjirtroch wienen der hast gjin ferplichte skoften tusken de acts en dat wurke omraak. En ja, mei sa'n protte talint in eigen doarp koe samar noch in jûn folle wurden. Mar dat bewarje wy oant in oare jier want dit muzykspektakel freget om werhelling!

it tema wie Frysk (foto Hetty Thomson)

Jong talint yn aksje (foto Jan Kooistra)
-
- Informatie
- 17 november 2026
Nijs út it Mienskipshûs
It Mienskipshûs bewiist syn wearde foar Eastermar Der binne hieltyd mear doarpsgenoaten, ferienings... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 november 2026
Tún by de Wrotters
Bêste doarpsgenoaten, Yn 2027 komt der in stik tún (100 m2) frij by 'de Wrotters'. Wa't wol nocht ha... Fierder lêze » -
- Informatie
- 15 november 2026
Skûtsje EA mei trochsetterij wer moai yn't ljocht
Fan it stroomkastke nei de muorre. It Ea-skûtsje sit wer yn de ljochtjes. In prachtich gesicht foar... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 30 augustus 2026
Easterbarren yn ’e rein mar mei wille!
Foar it earst sûnt jierren reinde it sa no en dan by it Easterbarren. Mar it koe de wille net drukke... Fierder lêze »