Rûtine sil it nea wurde mar it wie dúdlik te fernimmen dat it lang net de earste kear wie dat it Easterbarren organisearre waard. In draaiboek sûnder flaterkes en op de sânde edysje wer wat mear skerpe puntsjes op de i fan 'It' Easterbarren'. Sa wie it opfallend dat der oan de yngongen fan it doarp in hiele aktive ferkeap fan de programmaboekjes plakfûn. Tûk om fuortendaliks al dy fytsers op te fangen. It parkearen wie dit jier ek stikken better regele, mei in echt parkearterrein oan de oare kant fan de grutte dyk. De iennige ûnfrede waard utere troch in wat âldere besiker, dy 't it skande fûn dat de gevels net fersierd wienen. Blykber hie dizze persoan it grutte tal Eastermarder flaggen oer de kop sjoen...

Image
Publyk massaal op it Breed (foto Albert Bakker)

Rûte útwreide
It moast noch wat wenne dat besikers ek op de Komerk terjochte koenen foar ferskate acts. Pas by it lêste optreden fan Adonis krige 'de massa' de loop nei it haventerrein. Mar dat sil it kommende jier nei alle gedachten folle better gean. Ek sil der oer neitocht wurde om de muzyk op it Breed gewoan trochgean te litten ûnder it optreden fan Adonis. Guon tochten nammentlik dat der skoft wie.
Ek al rûst de organisaasje it tal besikers op 7500/8000, Eastermar kin troch de útwreiding fan de rûte mei gemak 10.000 besikers ha. It doarp en de organisaasje kinne sokke oantallen troch alle ûnderfining yn de lêste jierren prima oan.

Image
Adonis (foto Albert Bakker)



Strjitartysten
Opfallend wie it grutte tal strjitartysten op dizze edysje. Der barde hast mear neist as op it poadium, sa like it. En dat is in pracht ûntwikkeling. Minsken litte har graach ferrasse en wolle graach meidwaan. In ynteraksje mei strjitartysten foldocht oan dit ferlet. Der wienen geweldige ymprovisaasjes te hearren tusken strjitartysten en publyk. "Ik haw my de hiele middei de bûsen útskuord" wie in reaksje. Ek de kwaliteit fan de acts fan dizze figueren wie heech. Soenen dy twa kearels mei dy koffers it paad nei de camping dochs noch fûn ha? En hoefolle flessen advokaat mei slachrjemme soe dat rollatortrio op dizze middei achteroer slein hawwe? En laitsje moast eltsenien, al wie it mar om it fûgeltsje foar de kamera. En jawis, sy wienen der wer, en hoe! Mei in geweldige Abba-act koe net ien om de Saxy Ladies hinne. Sels de boatsjeminsken yn de passantehaven krigen in spontaan konsert te hearren.

Image
Saxy Ladies (foto Harmke Paulides



Fol!
En oer de haven sprutsen. De passantehaven fan Eastermar lei fol. De skippen leinen bytiden dûbel yn de haven. Havenmaster Albert Kieft koe mei mar leafst 42 skippen havenjild ôfrekkenje. In rekord. Mar oerdeis moatte der folle mear skippen lein hawwe. Oare jier wurdt it in spultsje fan trije dik en betiid komme en oars mar in dei earder hjirhinne.

Image
In bomfolle haven



Muzyk
Grutte publykslûkers bliuwe fansels grutte publykslûkers: Gurbe, Rintje, Adri, Jaap, neam mar op. Sy binne der alle jierren wer, dogge graach mei en sy hearre ek thús op dit festival. Mar miskien soenen de oanwêzigen it oare jier ekris foar oare trûbadoers kieze moatte. Roelof Koopmans, Melle Leegstra, dizze minsken fertsjinje likegoed in opstopping fan publyk op de Teye Tol. Dúdlik is wol dat Gerbrich van Dekken lang gjin nijkommer mear is. Leafhawwers witte har op it Easterbarren manmachtich te finen.
De ferskate bands dienen it wer prima op de haadpoadia yn it doarp. De trailer by it Hoekje wie in bluesbarren op himsels, mei de Healers (geweldige drummer!) en Missis White and the Bogeyman Bluesband (geweldige drummer!). Max 7, Briquebec en Irish Stew, perfekt foar it iepenjen en ôfsluten fan it festival en jawis, der waard dûnse op it Breed. Opfallend dat by de slotacts der noch in grut tal minsken fan bûten it doarp oanwêzich wie!
Alle nammen neame, dêr is gjin begjinnen oan, mar ien band, Dêr koe net ien omhinne. Bern net, folwoeksenen net en de bandleden sels ek net. Wy hawwe it hjir oer kompleet nij Eastermarder talint: Double 4! In gelegenheidsband stie der yn it programma. Wy hoopje fan net! Jonges en famkes: trochgean! En eh, miskien in te persoanlike foarkar, marruh... geweldige drummer!

Image
Double 4 mei Niels as drummer
Image
Blues fan de Healers (foto Albert Bakker)



Koaren, sjongers, orkesten, streetdance
Nee, alles even neame en besprekke, dat is gjin dwaan. Al dy koaren, shantykoaren, orkesten, jazz percussie, streetdance... It Easterbarren betsjut 500 artysten, sis dêr mar even 'goeiendag' tsjin. Oare jier wer, hoopje wy. Der wie ien koar, dizze minsken wisten net fan ophâlden en soargen doe mar foar in ekstra poadium op it nije terras fan Meerzigt; de Broekophâlders. Lang nei dat Max 7 op it haadpoadium ophâlden wie, stienen sy der noch en it gie noch altyd út folle boarst.

Image
Streetdance (foto Harmke Paulides)



Skûtsje
In fêste publykslûker, en dizze kear mei 'it eigen skûtsje', even it wetter op. Dat woe eltsenien wolris meimeitsje. En ja, dat soarge in bytsje foar wat 'overgewicht'. By tiden streamde it skûtsje te fol en moasten der wer wat minsken ôf. Net leuk foar dyjinge, dy 't 'de klos' wie. Mar de skûtsjemannen rêden der mei, sels it draaien fan in skip fan hast 20 meter yn de Lits, it slagge úteinlik allegear en dêr gie it wer, stadich mar wis de kant fan de Burgumer Mar út.
De Stifting' It Eastermarder Skûtsje' die goeie saken in it eigen diske. De skûtsjewyn gie grif oer de toanbank, it tal donateurs is wer groeid en dat wie de bedoeling.

Image
It Eastermarder skûtsje (foto Harmke Paulides)



Hylpen yn Eastermar
In aardichheid om tusken al dat publyk en dy artysten minsken yn Hylper klaaiïng te sjen. De útlis oer de dracht wie by tiden hilarysk. Manlju sûnder ûnderbroek oan, wa hie dat no tocht.
En dan noch in oprop oan de Heilige Boantsies. Kinne dy teksten oer it skûtsje en sawathinne ek noch even maild wurde? Sokke fynsten moatte dochs bewarre bliuwe!
'Keep them rolling', it is te hoopjen. De frachtweinen en jeeps binne troch har leeftyd al yndrukwekkend. Dat wienen de skilderijen op de ferskate eksposysjes trouwens ek.
En Wimpie en Rense.., ek dy sjogge wy graach ris wer! Krekt lyk as Adonis mei dy prachtige slotact op de Komerk.

Image
Rense en Wimpie (foto Harmke Paulides)

Meiinoar
Eastermarders bínne it Easterbarren: 300 frijwilligers, dat is 1/5 fan it ynwennertal, meitsje dat mooglik. En allegear fine sy it gewoan. Men helpt, op hokker wize dan ek. Eltsenien docht wat er dwaan kin, of dat no broadsjesmarre is of opbouwe en ôfbrekke fan de poadia, kofjesette foar de artysten of programmaboekjes ferkeapje. Allegear meiinoar. En it doarp sels lient him der ochsa foar. En dat makket dat it brûst yn Eastermar, op dizze lêste saterdei fan augustus.

Image
Frijwilligers ferkeapje programmaboekjes



Donateur wurde
It Easterbarren is sa njonkenlytsen struktureel wurden. It is net sa, dat men sizze kin, it hat moai west en no hâlde wy der mar ris mei op. It Easterbarren is in begryp wurden en stopje is der net mear by. Boppedat is men fan betinken dat it festival fergees bliuwe moat. Dêrom de oprop, wurdt donateur fan it Easterbarren om in finansjele basis te kreëarjen. In basis dy 't hooplik de Easterparade (kollekte optocht) ferfange kin, omdat dit stikje organisaasje eins tefolle foar it bestjoer is om der ek noch by te dwaan. Folje dêrom it formulier út it programmaboekje noch efkes yn, of oars by Jannes Hamstra yn de winkel (dit kin noch oant 1 septimber!)
Delhelje it donateurformulier-easterbarren kin ek: ynfolje en opstjoere nei Eelke Hoekstra, E.M. Beimastrjitte 68. 9261VK Eastermar.

Mear op easterbarren.nl

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: