loadskonsert

De op ien nei lêste dei fan de Bloeiwike wie it hichtepunt fan in geweldich moaie wike. Ek al wie ‘t in dei mei net it moaiste waar fan de wrâld. Yn sân hasten waard besluten om twa fan de sân aktiviteiten fan bûten nei binnen de ferpleatsen; de Langste tafel en it Grachtenconcert. Want iterij/muzykynstruminten en rein binne gjin goeie kombinaasje.

Mar oerdeis koe alles gewoan trochgean en fleagen de bern op skeelers oer de Komerk om in Alvestêdekrúske te fertsjinjen. Underweis moast in gefaarlik wek en it Alvestêdebrechje fan Bartlehiem passearre wurde. By de útstalling yn de Hege Stins wie’t ferhipte drok. En sa wie it mei alle aktiviteiten dizze dei. Alles waard ek nochris live ferslein op Omrop Fryslân Radio want de hiele dei swalke der in buske fan de Omrop troch it doarp. 

Foarich jier wie de Langste tafel in grut sukses. Soe’t dit jier wer sa drok wurde? Of soe de te ferwachtsjen rein al it lekkers fergrieme ta ien tsjokke grientesop? De help kaam út de hoeke fan de jachthaven wei. “Foppe, wy hawwe in lyts fraachje, soene wy jûn de grutte skipsloads brûke kinne foar de iterij en it konsert? Hy hoegde der net oer nei te tinken. Fiif minuten letter wiene Foppe en al syn wurknimmers drok mei skippen te ferpleatsen en de loads skjin te feien. Mei help fan in protte frijwilligers waard de loads ta in gesellich ûnderkommen omtsjoene. Skûtsje de Broekophâlder waard ferpleatst, de ljochtsjes oan en hatsekidee, los mei de iterij. Wat in geweldige aksje en wat kin der in protte yn Eastermar.

Under de iterij wie der gelegenheid om immen ris flink yn it sintsje te setten. Willem Wiersema,  dizze simmer wrâldkampioen wurden yn de ILCA7, krige út hannen fan Wiebe Visser (Enerzjyk Eastermar) en Caroline de Pee (wethâlder fan sportsaken Tytsjerksteradiel) de lokwinsken en in kado oanbean.

eabloeit13

Der kaam in protte folk ôf op it loadskonsert. De organisaasje tinkt oan 200/250 minsken dy’t traktearre waarden op trije optredens. Sprekstâlmaster Oebele prate it ien en oar fakkundich oaninoar. Der waard úteinset mei jeugdband Koartsluting. Drummer Jorrit hie foar de gelegenheid in nij drumstel krigen en dat hat it publyk witten. Hy trommele de minsken it trommeflues sawat de earen út wylst de krekt alve jier wurden Jolieke de minsken ferbjustere mei har prachtige lûd.
Dêrnei wie der in optreden fan in strikersensemble fan minsken út it Fries Symfonie Orkest. Ûnder dit konsert wie elkenien stil en kaam de muzyk prachtich ta utering. It waard wurdearre mei in steand applaus.
Nei it skoft soe de talintfolle sjongeres Elise Westerhof mei har band dizze jûn feestlik en mei grut sukses ôfslute mei û.o. it nûmer Alles bloeit yn Eastermar.

muzyk yn de skipsloads

Ut namme fan hiel Eastermar en omkriten tank oan de organisaasje fan Eastermar Bloeit. Mei help fan al dy frijwilligers en dielnimmers is de Bloeiwike fan Eastermar yn alle fasetten, yn kleur en fleur, in topwike wurden. Der falt noch folle mear oer te sizzen mar wat der de ôfrûne wike delset is, dat is in prestaasje dy’t eins net te beskriuwen is.

Klik hjir foar in ympresje fan de Langste tafel.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: