Soe it wol goed komme no't it strjitfestival foar 't earst yn harren 17-jierrige bestean nét op de lêste sasterdei fan augustus plakfine koe? Ja, it kaam folslein goed! Sels de waargoaden hiene it begrepen. De topper fan alle Fryske strjitfestivals kaam as earste oer de streek. Likernôch 6000 minsken wiene tsjûge fan alwer in geweldige Easterbarrenedysje, dy't sûnder haperjen oant alve oere jûns trochdendere.
Och, sûnder haperjen? Ien lyts akkefytsje barde der, doe't tidens it optreden fan GeDoBr by Meerzigt de stroom der útknalde en GeDoBr in pitsstop meitsje moast. It poadium stie blau fan 'e reek. Christiaan en syn team wiene der gau by om it euvel op te lossen en koene de mannen it optreden mei in kwinkslach fierders ôfmeitsje.
En wannear't jo as festival al sa lang oan 'e wei timmerje, dan kin it samar wêze dat bandsjes, dy't men jierren lyn op it Kickstart-bernepoadium sjen en hearre koe, yn dizze edysje op de grutte trailers weromsjocht en routinearre mei rock en country it publyk omfier blaze. Sa njonkenlytsen kin it Easterbarren wol in festival organisearje mei allinne Eastermarder talint.
En as oer in pear jier Syta en Marije it songfestival winne sille, dan kinne de besikers fan it Easterbarren grutsk melde, dat sy it duo doedestiids al 'spot' hiene' mei harren fluwielen kieltsjes. Om mar wat te neamen want ek dizze kear waard eltsenien om it hurtsje ferrast troch optredens fan grutte - en lytse nammen.
De Easterbarrenformule draait op topnivo en kin gewoan trochgean no't, net ûnbelangryk, Boubedriuw Swart foarearst haadsponsor bliuwt. Sels sûnder Jannes Hamstra, dy't fan it begjin ôf yn't bestjoer sitnommen hat mar no it stokje oerdraagt, is dizze strjitfestivalmasine net te stopjen.
De simmer is ôfsluten, it is net oars. Mar wol op in wize dy't noch lang yn 't ûnthâld hingjen bliuwt.
De toppers fan Fryslân (Gurbe Douwstra, Griet Wiersma, Piter Wilkens en Anneke Douma), yn oparbeidzjen mei de toppers fan Eastermar (Koardinaasje en Lechery), litte de Eastermarders drok meisjonge by de iepening fan it Easterbarren
-
- Informatie
- 05 juli 2022
Toekenning subsidie aan Mienskipshûs Eastermar is rond!
In een vorig artikel op deze site zijn de plannen voor het Mienskipshûs in de Kjellingen al uitgebre... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
De sigaar
Yn fjoer en flam fanwege in feestsigaar Twa jier sûnder doarpsfeest, sûnder tinte, sûnder folkssjong... Fierder lêze » -
- Informatie
- 03 juli 2022
Eastermar is...
...it fertroude Eastermarder blau en giel, mar mei in oare betsjutting. Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 13 april 2022
Containerdrummers in Eastermar
Zaterdagmiddag 9 april 2022 was de première van de nieuwe show van de containerdrummers van De Marko... Fierder lêze »