Dûnsje op 'e Komerk
Justerjûn, 1 septimber, is de opset fan de Easterbarren preparty ferhipte goed slagge. Der kaam in protte folk nei de Komerk om te genietsjen fan optredens fan Pieter en Michiel (mei Gertjan de Haan op drums) en Seispack. Beide bands hawwe twa sets spile. Mei namme by de twadde set gie it publyk út syn dak en dûnse op bekende covers van Fryske, Nederlânske en Ingelstalige nûmers.
"Sa'n ynteraksje mei it publyk, dat haw ik noch nea earder meimakke, machtich!", sei sjonger Michel van Holsteyn fan Seispack nei ôfrin fan it konsert.
Seispack, foto Albert Bakker
Genietsje fan de fotoreprotaazje fan Albert Bakker.
Hjoed Easterbarrendei!
Dat wol sizze: de (Eastermarder) flagge kin út!
De fotografen fan eastermar.nl sille harren bêst dwaan om moaie sfearreportaazjes te meitsjen.
In hiele protte wille tawinske en foar alle frijwilligers in hiel protte sukses!
AVG
Omdat de optredens oeral yn it sintrum fan it doarp plakfine is it foar ús ûnmooglik om oeral buordsjes op te hingjen. Hjirby ferwize wy nei de AVG wat de foto's fan it Easterbarren oanbelanget.
-
- Informatie
- 22 maart 2025
Algemene Ledenvergadering 2025 Doarpsbelang Eastermar
Op dinsdag 15 april is de Algemene Ledenvergadering van Doarpsbelang Eastermar. U bent hierbij van h... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 maart 2025
Oprop: wie heeft grond voor Grûn?
Op 17 mei wordt in Leeuwarden de openingsparade Grûn gehouden van Arcadia 2025. Er wordt dan grond r... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 14 maart 2025
De brêgewipper komt werom yn Eastermar
Ynienen stiet der in blau hokje by de Litsbrêge. It hokje is bedoeld as ûnderkommen foar de brêgewip... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 18 februari 2025
Eastermar is...