Dûnsje op it Breed, de Komerk, eins oeral yn it doarp...
In bjusterbaarlik moaie edysje fan strjitfestival Easterbarren leit achter ús. In protte hichtepunten mei it waar op nûmer ien!
Guon minsken moasten efkes wenne oan de nije rûte en tôgen nei de iepening op it Breed út gewoante dy kant fan it BetterSkip út. Mar gelokkich blokkearre teaterman Folkert Wesseling mei in enoarme trekker de E.M. Beimastrjitte. En de nije rûte, de oare kant út nei it Waltsje en de Komerk, dy wie gau fûn. En dan wie der ek noch in pracht fan in plattegrûn op de achterkant fan de programmaflyer, dus it kaam hielendal goed.
De hiele dei en jûn wie der in posityf, gesellich festivalsfearke mei tank oan de geweldige organisaasje, alle muzikanten, artysten, sfearmakkers, technyk, bernefermeits en hoareka/catering mei genôch iten en drinken. Wy sjogge no al wer út nei it lêste wykein fan augustus 2024 foar in nije edysje fan it Easterbarren.
Neigenietsje kin fia de byldferslaggen fan
(Sytske Merkus is nij as fotograaf op eastermar.nl. Wy hoopje dat Sytske de aardichheid te pakken krigen hat en in oare kear wer foto's meitsje wol.)
Op EastermarTV kinne jo genietsje fan de ferskate Easterbarrenfilmkes fan Lars Hoekstra.
De Komerk as nije lokaasje foar in poadium, foto Sytske Merkus
Compromise mei jonge dûnsers op it Breed
-
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »