
Tolve doarpsgenoaten en ien gastspiler út Surhústerfean ha woansdeitemiddei besocht Anton van de Ploeg te ferslaan. Trettjin tsjin ien? Dat is net earlik sille guons sizze, mar by simultaandamjen kin mei sa’n situaasje start wurde: Anton rint by de trettjin buorden del en spilet sa tsjin de oare dammers dy’t sitten bliuwe.
Utdager Anton – nei syn T.O.G.-tiid lid fan ‘e damklub yn Surhústerfean – wie ree om sa’n dammerij tsjin mear as ien tsjinstanner oan te gean: in weachstik...
It terras fan ‘Doarps Welvaren’ wie omboud ta damarena en om healwei twaën sette Anton útein. Guon dielnimmers ferbaasden har deroer dat se bytiden samar trije houtsjes kwyt wienen troch de spylwize fan de útdager. Nei sa’n acht setten waard der ek al remise oan Anton oanbean, mar dy woe dêr neat fan witte.
Minsken dy’t oer it Breed kuieren of fytsten waarde nijsgjirrich en sa koe it damspektakel ek noch rekkenje op publyk.
It wie tsjin fjouweren doe’t Anton troch de twa lêste tsjinstanners lokwinske waard mei in oerwinning. Dêrfoar hie hy al wûn fan de oare alve dienimmers. In knappe prestaasje!
Der kin mei rjocht sein wurde: “Lit dy Anton mar skowe.”
Ferslach: Wijbe Postma
Foto's: Wijbe Postma en Martsje Mud
Simultaandamjen.
-
- Informatie
- 15 november 2026
Skûtsje EA mei trochsetterij wer moai yn't ljocht
Fan it stroomkastje nei de muorre. It Ea-skûtsje sit wer yn de ljochtjes. In prachtich gesicht foar... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze » -
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 14 december 2025
Krystmerk op It Breed, in gesellich treffen!
Foto's: Albert Bakker Wat bart der wannear de ynset fan ferskillende ferienings en hoareka byinoar ko... Fierder lêze »