Dizze wike ried in konfoai fan legerauto's út de twadde wrâldoarloch (der wienen ek trije by út Eastermar) itselde paad del dat de Kanadezen namen op 15 april 1945 om Fryslân te befrijen fan de Dútske besetting.
De skiednis fertelt dat Eastermar ek op dizze rûte lei. Dêrom is it konfoai hjoed, snein 11 april krekt foar tolve oere, fanút Rottefalle de Grutte Hoarnstwei yndraaid en hat doe fia Toerleane, Skûlenboargerwei en Joereleane koers set nei Droegeham.
It konfoai is dêrnei trochgien nei Ljouwert en is - krekt as yn '45 - fia de Grinzerstrjitwei de stêd ynriden. Nei in rûnrit binne de dielnimmers by it Fersetsmuseum oankaam en dat wie it einpunt fan dizze histoaryske tocht.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
-
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard KempenaarFanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze » -
Ek nijsgjirrich:
-
- Informatie
- 26 augustus 2026
Oproep aan Eastermarders
Voor een historisch onderzoek ben ik momenteel bezig met het reconstrueren van het verhaal van Fries... Fierder lêze »