Freed 5 juny wie de ôfslutende jûn fan it jierlikse 'buurtsportfestijn' fan Eastermar. Tiisdei 2 juny wie de earste ronde al spile. Mei prachtich waar troffen de ferskate strjitten en buerten elkoar en spilen in sportive striid om de prizen.
Ofrûne freed wie de twadde en lêste ronde. Hjirnei waard de balâns opmakke en die bliken dat de komby TeyeTol/Waltsje/Snakkerbuorren mei de hakken oer de sleat (op doelsaldo) de winner wie. It Heechsân hie like folle punten mar in hânfol doelpunten minder en mocht de twadde priis op syn namme skriuwe.
Koartsein: tige slagge: moai waar, poerbêst organisearre en we dogge de folgjende kear allegearre wer mei!
Hjirûnder in sfearympresje en de punteferdieling. (foto's Sjoukje Kooistra)
De útslach:
1. Wâltsje 14 punten
2. It Heechsân 14 punten
3. De Kamp 10 punten
4. E.M. Beimastrj. 8 punten
5. It Fjouwerkant 8 punten
6. Mâle Hoarnst 3 punten
7. Skoallestrjitte 1 punt
-
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 juli 2025
Eastermar is...
...hielendal wer kreas nei in prachtich doarpsfeest mei moai waar! Fierder lêze »
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »