Kin it wol, kin it net: moatte wy nei de maneezjehal fan Couperus of kin it dochs op it Breed? Mar tongersdei wie al dúdlik dat it moai waar bliuwe soe en dus waarden de auto's fuortstjoerd (koe it altyd mar sa) en kamen de trekkers fan B&B om bakken sân te bringen. Moai flak meitsje, de netten spanne, striepakken teplak lizze en eltsenien wie klear foar it Beachbaren 2012.
De 24 teams (dat is op it Breed sa't it der no hinneleit it maksimum), mei prachtige nammen as Hantumerútbuorren, Net te Krekt, of Wy dogge mar wat wienen fan twa oant seis oere yn it spier. Fiif kear in koarte wedstriid, mar dat wie foar in soad al in hiele prestaasje. Neidat de 4 poulewinners trochgongen, bleaunen der úteinlik foar de finale twa sterke teams oer: Smashing Pumpkins en Hoe 's mooglik. It lêste team, besteande út jongerein fan Eastermar, wie de terjochte nr. 1: harren ynset, taktyk en teamspirit wie tige grut. Dêr hienen de mannen van Bert van Marwijk noch wat fan leare kinnen!
Foar de tsiende kear Beachbarren: troch de tariedings fan de Beachboys, de help fan omropster Fokje en lûdsman Simon, mar benammen troch al de spilers wer in grut sukses. Kommend jier wer.
-
- Informatie
- 13 december 2024
Brug Skûlenboarch weer open voor verkeer
Het heeft bijna een jaar geduurd, maar de brug over het Prinses Margrietkanaal bij Skûlenboarch is d... Fierder lêze » -
- Informatie
- 11 december 2024
Subsidieregeling Samenleving Tytsjerksteradiel 2025 opengesteld
Wilt u subsidie voor komend jaar, voor activiteiten op het gebied van cultuur, sport of samenlevings... Fierder lêze » -
-
-
- Informatie
- 29 augustus 2024
It Breed is ien grutte iterstafel
Likernôch 75 folwoeksenen en 50 bern hawwe gebrûk makke fan in unike kâns: oanskowe foar it jûnsiten... Fierder lêze »