Lang om let is men der út: de Komerk wurdt asfaltearre.
Dit is it resultaat fan oerlis tusken Stifting de Komerk, Doarpsbelang en de gemeente.
It idee is net nij, mar troch de ûnderfinings mei de wetterhúshâlding, it fol- en leechrinne litten fan de iisbaan, problemen mei de drainaazje, ensfh. hat men besluten dat asfaltearje dochs wol dé oplossing is.
Dêrmei is in nije skeelerbaan foar Eastermar in feit en kin der wer in nij barren oan de rige taheakke wurde, want foar skeelerwedstriden is de Komerk aanst ideaal.
Ek komme der ekstra fasiliteiten foar campers sadat, neist de boatsjeminsken, ek dizze toeristen genietsje kinne fan ús moaie doarp.
Foardiel is ek dat de iisbaan winters earder beskikber wêze sil, want it wetter hoecht minder heech te stean sadat de baan gauwer beferzen is.
Wol sil der in hoeke gers oerbliuwe foar frije rekreaasje hat de gemeente tasein. Dêrmei wie it beswier fan Doarpsbelang tsjin it plan fan tafel.
Takom tongersdei 1 april sil Brouwer & Brouwer mei it wurk út ein sette.
-
- Informatie
- 13 juli 2025
Nachtvlinders laten zich zien in Eastermar
Afgelopen donderdagavond namen leden en geïnteresseerden deel aan een bijzondere nachtvlinderexcursi... Fierder lêze » -
- Informatie
- 06 juli 2025
De earste nijsbrief fan st. Iepenloftspul Eastermar
De earste nijsbrief fan it Iepenloftspul Eastermar, dat yn septimber 2026 plakhawwe sil, is in feit... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 02 juli 2025
Beachbarren 2025
Op 12 july om 13:30 oere is it wer safier: it Breed wurdt omboud ta in echt strân en teams stride we... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 03 mei 2021
Hoe’t de Beimabuert-pubkwis hilarysk einige
Doarpshumor achter it byldskerm De Beimabuertferiening hie op 29 april in online pubkwis organisearr... Fierder lêze »