Wat sille de Eastermarders tocht ha:
- Op snein wurde der fêst gjin beammen metten, dat is mear wat foar in moandei.
- De linebeammen fan it Wâltsje kappe? Dat is krekt as de Eiffeltoer út Parys fuorthelje fanwege 'metaalmoeheid. Dat kin net oars as in grap wêze'.
Of miskien gewoan: Nei tsjerketiid fluch nei ’t Waltsje. O wacht, it reint... Wy tekenje moarn wol.”
Feit is dat der by it mjitmomint net in hiel soad minsken deroer ynsieten dat it searieus wie. Lokkich mar! It prachtige byld fan dy skeane beammen lâns it wetter bliuwt gewoan bestean.
It berjocht hat de ôfrûne wike in protte reaksjes opsmiten. Net allinne op Twitter reinde it linebeammetweets mar ek it Frysk Deiblêd stie al klear en belle de gemeente oer hoe't dit no kin en de sjoernalist wie drok op 'e siik nei de man/frou dy't as earste protest oantekene en sels in mjitaksje op tou sette. Heymen Jansen van Meerzigt krige ek in protte ynspiraasje en skreau dizze emosjonele oprop.
De 1 aprilgrap is ûntstien út in hiel aardige gearwurking tusken de redaksjes fan de BREEDút en eastermar.nl.
-
- Informatie
- 20 mei 2022
Sicht op twa fleurige simmers
De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen... Fierder lêze » -
- Informatie
- 18 mei 2022
Marnijs zoekt nieuwe vormgever
De redactie van dorpskrant Marnijs is met spoed op zoek naar een nieuwe vormgever. Wie is er handig... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2022
Eastermar is...
... in doarp fol stekjes. Jo binne wolkom by de stekje-omstekkast ‘Pura Vida’ op ‘t Leech 3. Ruilje... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 mei 2022
Gezocht: Havenmeester
Per direct zijn we op zoek naar een nieuwe havenmeester. Wat verwachten we: Iemand die een week lang... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 23 april 2022
Foto kruidenierswinkel, E.M. Beimastrjitte 70 uit 1930
Ik heb een foto van mijn pake en beppe Gerhardus de Haan en Froukje Hooijenga voor hun kruidenierswi... Fierder lêze »