Op fersyk fan Doarpsbelang Eastermar hat de gemeentlike Strjitnammekommisje op 26 maart ll. unanym ynstimd mei it plan de namme fan 'e Seadwei - fan Healewei oant Achttjinnewei - te werneamen. Ta de werneaming is besluten fanwege de unike situaasje oan dit part fan de wei. Foar in lyts oantal bewenners sil dit konsekwinsjes ha, it betreft de nûmers 5 (O. Brouwer) en 7 (T. Schokker). KPN en Post.nl ha tasein de oerlêst foar dy adressen sa beheind mooglik te hâlden.
Kommende woansdeitemoarn om 10 oere sil boargemaster Gebben fan Tytsjerksteradiel it nammeboerd offisjeel ûntbleatsje.
Yn ferbân mei de coronakrisis wurdt fan fierdere feestlikheden ôfsjoen!
Publyk en parse wurdt frege om de RIVM-rjochtlinen te respektearjen en yn 'e auto sitten te bliuwen óf 1,5 mt. ôfstân fan elkoar te hâlden.


-
- Informatie
- 02 november 2026
Novemberconcert – Fanfare Joost Wiersma
7 november 2026 – De Hege Stins, Eastermar Aanvang: 20:00 uur Dirigent: Ido Gerard Kempenaar Fanfare... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Lichtjesavond Eastermar
Zondag 13 t/m vrijdag 18 december 2026Elke 2e zondag in december wordt Wereldlichtjesdag gehouden. O... Fierder lêze » -
- Informatie
- 01 november 2026
Algemene Ledenvergadering Eastermarder Doarpsfeest
De algemene ledenvergadering wordt dit jaar gehouden op 25 november. Locatie: Sportcomplex De Burger... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 20 mei 2026
Vroege Vogels filmt op de Seadwei
Op woensdag 20 mei zijn er opnames gemaakt voor het programma Vroege Vogels op de Seadwei. Deze afle... Fierder lêze »