In skoftsje lyn kaam it CDA fan Tytsjerksteradiel mei it foarstel it brûken fan it Frysk te stypjen en te stimulearjen troch in Afûk-kursus Frysk oan te bieden oan de redaksjes fan de doarpskranten yn ús gemeente. De ferskate redaksjeleden koene fergees oan sa'n kursus meidwaan. It berjocht wie te lêzen op de ynternetside fan de gemeente: www.t-diel.nl.
In aardich inisjatyf en moai dat frijwilligerswurk dêrmei stipe wurdt. Mar wêrom allinne redaksjes fan doarpskranten en net fan doarpwebsides, frege de redaksje fan www.eastermar.nl him ôf. Wy libje hjoed de dei yn in oare tiid en websides spylje yn de kommunikaasje binnen in doarp in like grutte rol.
Dizze fraach stelde de redaksje fan eastermar.nl oan CDA-riedslid Eelke Hoekstra. Hoekstra joech Rienk Vlieger fan www.eastermar.nl folslein gelyk. "Wy ha as fraksje by it yntsjinjen fan dit foarstel net stilstien by de redaksjes fan doarpwebsides", joech Hoekstra as reaksje.
Tongersdeitejûn 25 oktober hat wethâlder H. Rijpstra n.o.f. in fraach fan ’t CDA oer de kursus Frysk foar redaksjeleden fan doarpswebsiden posityf reageard.
Op it stuit rint der in kursus Frysk dêr't 17 redaksjeleden fan ferskate doarpskranten út de gemeente Tytsjerksteradiel oan dielnimme. Der sil in twadde kursus organisearre wurde en dêr kinne ek redaksjeleden fan doarpswebsiden oan meidwaan.
www.garyp.nl Hat al oanjûn fan it oanbod gebrûk te meitsjen. Rienk Vlieger fan www.eastermar.nl docht net mei. "Ik haw eartiids sels twa Afûkdiploma's helle en skriuw sûnt 2000, de tiid dat de site online is, yn 't Frysk. Folslein flaterfrij sil dit nei alle gedachten net wêze, mar ik kom in hiel ein..."
-
-
- Informatie
- 02 augustus 2022
Escaperoom yn Eastermar
Beste kinderen, ouders en speurneuzen,Om kennis te maken met de boerderij doen we al een aantal jare... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 19 juli 2022
Heechste temperatuer ea yn Eastermar
Tiisdei 19 july 2022; de dei dat der 36 graden mjitten waard op it waarstasjon fan Simon Bosma. It h... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 april 2022
Nieuwe wijkagent stelt zich voor
Beste dorpsbewoners, Sinds vorige zomer ben ik jullie wijkagent. Hoog tijd dus om mij nog eens goed... Fierder lêze »