Sûnt 16 oktober is de gemeentegids fan Tytsjerksteradiel ek digitaal tagonklik. De ynhâld komt oerien mei de papieren ferzje dy 't alle ynwenners fan de gemeente yn de bus krije. Foardiel fan de digitale ferzje is û.o. dat men fia in sykopdracht saken flot fine kin. Fierder kin men fan in protte adressen fuortendaliks in kaartsje oproppe.
Opfallend is dat yn de rubryk 'Media' (ûnder 'Algemene Informatie') wol alle doarpskranten neamd wurde, mar dat de doarpswebsides oerslein binne. In kommersjele webside as Wâldnet wurdt wol neamd. Fan in aardich stikje promoasje foar de doarpen yn de gemeente wurdt dus net gebrûk makke. Dit wie ek al sa yn de papieren útjefte en de redaksje fan eastermar.nl hat yn it ferline dit alris by de gemeente oanjûn.
Foar it kaartmateriaal wurdt gebrûk makke fan de service fan Google Maps. Wa 't in adres yn Eastermar oanklikt, krijt yn alle gefallen in kaartsje te sjen dat better kloppet as dat yn de papieren útfiering fan de gemeentegids. (Sjoch de opmerkings hjiroer yn de BREEDút fan septimber, pag. 7.) Dochs rint Google 20 jier achter want neffens dizze kaart wenje de bewenners fan ús doarp wer yn Oostermeer yn 't plak fan Eastermar.
-
-
- Informatie
- 02 augustus 2022
Escaperoom yn Eastermar
Beste kinderen, ouders en speurneuzen,Om kennis te maken met de boerderij doen we al een aantal jare... Fierder lêze » -
-
- Informatie
- 19 juli 2022
Heechste temperatuer ea yn Eastermar
Tiisdei 19 july 2022; de dei dat der 36 graden mjitten waard op it waarstasjon fan Simon Bosma. It h... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 22 april 2022
Nieuwe wijkagent stelt zich voor
Beste dorpsbewoners, Sinds vorige zomer ben ik jullie wijkagent. Hoog tijd dus om mij nog eens goed... Fierder lêze »