Op 15 desimber giet de nije tsjinstregeling foar it iepenbier ferfier yn. Oan de buslinen feroaret eins neat, mar de bustiden kinne wol feroare wêze! De meast opfallende feroaring is dat de lêste bus fan line 51 om 0:22 fan Ljouwert nei Dokkum giet (oer ûnder oare Tytsjerk, Ryptsjerk, Gytsjerk, Oentsjerk, Aldtsjerk).

Opstapper
Yn in grut tal doarpen rydt gjin ‘echte’ bus mear. Net by eltsenien is bekend dat alle doarpen wol mei it iepenbier ferfier te berikken binne: mei de Opstapper. De Opstapper bringt je fan in fêst punt yn it doarp nei in grutter OV-punt, sadat je dan mei de bus fierder reizgje kinne (of oarsom fansels). De Opstapper moat foarôf reservearre wurde.
It goede nijs: it taryf wurdt ferlege nei € 2,50 de rit (inkelde reis). Dêroerhinne komme de gewoane reiskosten.

Yn Tytsjerksteradiel ride Opstappers op de folgende plakken:
Wyns, nei stasjon Ljouwert - ien oere foarôf belje mei 0800 – 2802803
Mûnein, nei Oentsjerk - ien oere foarôf belje mei 0800 – 2802803
Suwâld nei Burgum (Kwekersstrjitte) - oardeloere foarôf belje mei 0800 – 2802802
Eastermar, nei Burgum (Kwekersstrjitte) - oardeloere foarôf belje mei 0800 – 2802802
Jistrum, nei Bûtenpost - oardeloere foarôf belje mei 0800 – 2802802
Earnewâld, nei Nyegea (Wâldwei)- oardeloere foarôf belje mei 0800 – 2802802

Tytsjerksteradiel

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe