Achte bestjoer fan Doarpsbelang Eastermar,

Miskien hawwe jim it al sjoen, mar ferline wike ha wy by it op 'e nij straten fan de nijbou in ferkearsdrompel oanlein. It like ús goed, jim op de hichte te bringen fan dat feit, en de reden wêrom keazen is foar itjinge dat makke is. Wichtichste reden foar oanlis fan de drompel is de boarterstún.

Benammen minsken dy't út it nijbou-wykje komme, ha gjin sicht op bern dy't eventueel by de boarterstún wei komme. Troch de ferkearsdrompel wurdt de gong remme op it punt dêr't it sicht min is.

Wy ha bewust foar in koarte ferkeardrompel keazen, om't dy better de gong remmet as in krúspuntplato (dy soe hjir wol hiel grut wurde). Fierder ha wy op de trochstek keazen foar oanlis fan in 'echte stoepe' ynstee fan in rabatstrook dy't earder de bedoeling wie. Sadwaande is de trochgong foar de auto wat nauwer, it sicht nei boarterstún wat better en meie auto's dêr net stean.

Mei freonlike groetnis,

Jens Zeemans (gem. Tytsjerksteradiel, red.)

 

image004

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe