Om healwei sânen sneontemoarn kaam in gedielte fan ús doarp sûnder stroom te sitten. By de ien wie der neat te rêden wylst de oar sûnder frizer,kuolkast,kompjûter en radio kaam te sitten. Lestich soene jo sizze, mar troch dit euvel kamen guon minsken dochs wol yn de problemen. Sa koe de brêge net mear omheech, foar de brêgewipper siet der neat oars op om yn totaal sa'n tweintich boaten wer werom te stjoeren.

wipie.jpgWipie en Anneke Kooistra fan it Waltsje hiene wer hiel oare soargen. De Kooistra's hawwe as hobby it hâlden fan postdowen. Dy bisten wiene krekt de moarns útflein en it is dus in wedstriid wa't it earste wer werom is. De fûgels hawwe in rinkje om 'e poat wêr't in chip ynsit. Dy chip stiet wer yn ferbining mei in kompjûter dy't byhâldt hokker do binnenkomt. Mar as der gjin stroom is dan docht dy kompjûter ek neat. ,,Dy fûgels fleane oars hielendal foar neat!", sa seit Wipie. Koartsein stress! Anneke rôle dêrom grutte ferlingkabels oer de dyk nei de fytsmakker ta dy't lokkich wol stroom hie. Sa wie it probleem foarearst oplost.

De steuring duorre oant likernôch kertier oer ienen. De Nuon koe fertelle dat dizze steuring kaam troch in kabel dy't oanein wie. Behalve ús doarp sieten ek de Tike en in part fan Sumar sûnder stroom. Om fjouwer oere giet de stroom der lykwols wer ôf mar no leit it hiele doarp plat. Om healwei fiifen hiene alle húshâldens wer stroom

Foar guon minsken hat dizze stroomsteuring dochs wol gefolgen. Sjouke en Sippie Wijnsma koene de hiele dei harren broadsjesaak yn de 'âlde' bakkerswinkel net brûke. ,,De hiele foarried bakkersroomiis koene wy fuortsmite', sa fertelt Sippie.

Sa as it no liket hie it allegear folle minder kinnen. 'Lokkich' kaam dizze stroomsteuring yn de simmer en net lykas yn it Twentske Haaksbergen yn 'e winter, want dy stroomsteuring dêr hie grutte gefolgen. Mar miskien binne der wol minsken dy't op hokker wize dan ek dupearre binne troch dizze stroomsteuring.

Kontakt mei Eastermar.nl

inloggen redacteuren

Tekst laten voorlezen

Wanneer u een Friese tekst niet goed kunt lezen, dan is er de mogelijkheid om het artikel te laten voorlezen. Druk dan bovenaan het artikel op 'Harkje'.
Knopo om een artikel te beluisteren

Ook bestaat er de optie om alleen een bepaald stukje tekst te beluisteren. Selecteer dan de beoogde tekst en druk op het luisterknopje.
Deze voorleesfunctie is mede tot stand gekomen dank zij de AFûK.
Complete uitleg »

     
Nei boppe