In betinkplak yn de foarm fan in bankje yn de iepenbiere rûmte, makke fan ikehout út de Wâlden. Dit is ien fan de dingen dy't realisearre binne ta neitins oan 'Wâldpyk' Jan de Boer fan Boelensloane. It bankje, mei bypassende ôffalkoer, is te finen op 'e hoeke fan de Swartewei en de Lytse Hoarnst.
Op de Swartewei by it fytspaad del, op it lân fan de Maatskip Atsma, binne earder al ferskate soarten hagedoarn plante. Ek dizze hagedoarn, in foarm fan lânôfskieding dy't eartiids hiel gewoan wie yn de Fryske Wâlden, is ûnderdiel fan it betinkplak.
It ûntbleatsjen barde op moandei 24 juny 2019 ûnder grutte belangstelling troch Jannie Brouwer, in muoike fan Jan de Boer. Sy hat ek it gedicht 'Myn lân' fan Simke Kloosterman foardroegen. Dit gedicht is ek op in plakette op it bankje te lêzen. De tekst fan de plakette kin hjir delhelle wurde.
Nei it ûntbleatsjen folge in natoer- en lânskipsekskursje ûnder lieding fan Karst Meijer en Bert Maes.
Wa wie Jan de Boer:
Sjoch ek ús eardere berjochtjouwing oer dit ûnderwerp.
-
- Informatie
- 01 februari 2023
Schade vanwege bodemdaling door gaswinning?
In Tytsjerksteradiel zijn in de regio van Eastermar zorgen dat bodemdaling door gaswinning zorgt voo... Fierder lêze » -
- Informatie
- 27 januari 2023
Wêr is ús fiskboer?
Dizze fraach giet al in skoftsje rûn yn en om Eastermar hinne. Want op woansdei is ’t faakris de gew... Fierder lêze » -
- Informatie
- 14 januari 2023
Eastermar is...
... respekt foar de frijwilligers dy't yn waar en wyn op âldpapierdei oan't wurk binne foar it goeie... Fierder lêze » -
- Informatie
- 13 januari 2023
Ynsamling foar Moldavië/Oekraïne
Wy geane los mei de tredde ynsamling foar Moldavië/Oekraïne. Der mei wer guod brocht wurde by B. de... Fierder lêze »
-
- Informatie
- 24 september 2022
It Mienskipshûs is iepen!
In grut tal Eastermarders wie nijsgjirrich ôfkaam op de útnûging fan de wurkgroep Soarch yn it doarp... Fierder lêze »