Autokûreurs binne fan 17 jannewaris ôf warskôge. Troch it hiele doarp stean op de ôffalkonteners mei grutte stikkers de maksimum snelheid, dy't al in pear moanne jildich is yn de 30 km sône. De aksje is troch Doarpsbelang stipe en moat sa helpe om foar in feiliger ferkear yn ús doarpskom te soargjen.
Spitigernôch stean de konteners allinne op tongersdeis bûten. Want it repeterende effekt koe yndie wolris fertuten dwaan. Of soenen wy gau wer wenne oan in strjittebyld mei al dy 30 km warskôgings?
De aksje kaam krekt te let foar twa auto's dy't ien dei earder opinoar sieten op de hoeke, by de winkel fan Tsjoelker. Wa wit hie dit ûngelok mei al dy warskôgings foar te kommen west.
-
- Informatie
- 17 mei 2025
Willem Wiersema eerst zilver, later goud op WK zeilen!
Update 11.40 uur: door een wijziging achteraf in de derde wedstrijd staat Willem Wiersema nu eerste... Fierder lêze » -
- Informatie
- 16 mei 2025
Kom op zaterdag 17 mei vanaf 13.00 uur naar de Iterstún
-
- Informatie
- 16 mei 2025
Wie maakt de mooiste omslagfoto voor de Marnijs?
Marnijs nummer 54 wordt een jubileumnummer omdat we 10 jaar bestaan.Kopijdatum voor dit jubileumnumm... Fierder lêze » -
- Informatie
- 15 mei 2025
DUORSUME KLEANBEURS op 16 augustus
Kom mei klean út de kast dy't dy dochs net mear passe nei de duorsume kleanbeurs op sneon (saterdei)... Fierder lêze »