De ôfrûne wiken is troch in ploechje Eastermarders de basis lein foar in blom- en krûderiker oansjen fan ús doarp: in mienskiplike aksje fan ‘e Stichting Rom Paad, Enerzjyk Eastermar, maatskip Atsma en de gemeente Tytsjerksteradiel.
Op in oantal plakken – û.o. it kampke achter de folkstunen by de Nije Hoarnst, de súdrâne fan it persiel fan Bouwe de Jong lâns de Sumarderwei, in strypke by de Mienskerwei, de grienstrook oan ‘e Blauhûskamp, oan ‘e Seadwei op ’t Wytfean – is it ‘Twents bont’ siedde, dat in ferskaat oan streekeigen floara opsmite sil. It sied is beskikber steld troch de gemeente yn ’t ramt fan it duorsumensbelied yn de ferwachting dat it bioferskaat foar planten en ynsekten tanimme sil. Yn it oanbrochte mingsel sit sied fan sawol ien- as twajierrige planten. Sa hat it doarp der yn alle gefallen twa jier wille fan.
It wurk is útfierd mei help fan in mânske siedmasine fan Peter Langman dy’t achter de Atsma-trekker monteard wie en bestjoerd waard troch Atse Atsma yn syn rol fan Rom Paadrintmaster. Siedsaakkundige Evert Frankes hâlde mei Gaatse de Vries en Geale van der Wal de boel yn ‘e gaten en joegen besteklik kommintaar.
Boppedat hat Joeke van der Heide op ferskillende plakken dêr’t it grutte ark net komme koe, lytse stikjes freesd en hânmjittich ynsiedde.
It wurdt foar doarpsgenoaten en toeristen in nijsgjirrige ûnderfining as hja ynienen ferrast wurde mei blommepracht yn ús omjouwing.
Boppesteande aktiviteiten binne eins foar de ‘koarte’ termyn en dat jildt dan foaral foar it ynsiedzjen fan it persiel achter de Nije Hoarnst/folkstúntsjes. Stichting Rom Paad en Enerzjyk Eastermar ha foar dat spesifike persiel yn de fierdere takomst noch mear plannen.
It doel is om dêr in soarte fan pluk-en-yt-persiel fan te meitsjen en dat dan sa yn te rjochtsjen dat dêr ek kuierpaadsjes komme. As it komt sa’t de beide klups it yn ‘e holle ha dan sille dy paadsjes ek geskikt wêze foar rollator- en rolstoelbrûkers. Sa krije ek dyselden dy’t net mear sa mobyl binne de kâns om tichtby hûs fan de natoer te genietsjen.
Wijbe Postma (sekr. Stichting Rom Paad)
-
- Informatie
- 27 juni 2022
Expeditie FCJT
Expeditie Robinson Wanneer: Zaterdag 17 september 2022 Tijd: van 14.00 uur tot 16.30 uur (2,5 uur pro... Fierder lêze » -
- Informatie
- 26 juni 2022
Ein fan in tiidrek... feemerkmaster Jan Atsma stoppet dermei
Sa lang't der yn Eastermar in feemerk west hat, wie Jan Atsma derby. Krapoan 50 jier lyn begûn it al... Fierder lêze » -
- Informatie
- 24 juni 2022
Byldferslaggen Doarpsfeest 2022 (update)
De hiele wike wie it al ûnrêstich yn Eastermar. Guon minsken wiene hast net te hâlden. Mar op tonger... Fierder lêze » -
- Informatie
- 22 juni 2022
Eastermar is...
...seis biertanks foar it doarpsfeest. Mar soe dat genôch wêze? Fierder lêze »
-
- Informatie
- 16 juni 2022
Stand van zaken Mienskipshûs de Kjellingen
Update juni 2022 In mei hebben we de sleutels gekregen van de ruimtes in de Kjellingen, die 6 jaar la... Fierder lêze »