It yntsjinne boargerinisjatyf ‘Oanpassing rydrjochting E.M.Beimastrjitte’ wurdt tongersdei 2 april behannele yn ‘e gemeenteried. Opsteller fan it fersyk ta oanpassing rydrjochting foar it autoferkear, Wijbe Postma, sil as ynsprekker it stik taljochtsje. Dat bart op digitale wize, want de riedsgearkomste wurdt net yn it gemeentehûs hâlden. De riedsleden nimme thús diel oan it oerlis. Dat hat fansels te meitsjen mei de ‘coronamaatregels’ dy’t ek foar de gemeenteried jilde. De riedsgearkomste is te folgjen op RTV Kanaal 30. De krekte tiid en wurklist binne op ‘e site fan ‘e gemeenteried te finen.
It boargerinisjatyf is stipe troch dik 90 Eastermarders en oare belanghawwenden.

Oar doarps- en ferieningsnijs:
-
- Informatie
- 17 november 2026
Nijs út it Mienskipshûs
It Mienskipshûs bewiist syn wearde foar Eastermar Der binne hieltyd mear doarpsgenoaten, ferienings... Fierder lêze » -
- Informatie
- 17 november 2026
Tún by de Wrotters
Bêste doarpsgenoaten, Yn 2027 komt der in stik tún (100 m2) frij by 'de Wrotters'. Wa't wol nocht ha... Fierder lêze » -
- Informatie
- 15 november 2026
Skûtsje EA mei trochsetterij wer moai yn't ljocht
Fan it stroomkastke nei de muorre. It Ea-skûtsje sit wer yn de ljochtjes. In prachtich gesicht foar... Fierder lêze » -
- Informatie
- 12 november 2026
Sint-Maartenoptocht in Eastermar
De Sint-Maartenoptocht in Eastermar werd dit jaar opnieuw muzikaal omlijst door De Marko’s. De drumb... Fierder lêze »
Ek nijsgjirrich:
-
- Informatie
- 13 oktober 2026
Eastermar is...
... in doarp mei ferkearsljochten. foto: Simon Bosma Fierder lêze »