It is alwer mear as in jier ferlyn dat wy wat fan ús hearre litten ha. Men soe hast tinke dat PAREL net mear bestiet, maar dat is net it gefal. Wol is it sa dat wy it ôfrûne jier minder fier kaam binne as dat wy woenen.

Wat is der yn 2001 wol bard?
De gemeente hat it rapport Lits & Lauwers besprutsen en hat stipe tasein oan de plannen van PAREL. Ek is doe in jildbedrach beskikber steld om it "Haalbaarheidsonderzoek" mei mooglik te meitsjen. Lykwols wie it bedrach de helte fan wat nedich wie. Spitigernôch binne wy der net yn slagge om de oare helte earne wei te heljen. Dêrom hawwe wy in tal minsken fan gemeente en provinsje yn juny útnoege om ris mei ús mei te tinken hoe't wy no it beste fierder kinne. Doe waard dúdlik dat it tige dreech is om foar plannemakkerij oan subsydzje te kommen.

Fan 'e hjerst hawwe wy advys frege oan Doarp en Bedriuw Fryslân (DBF). Al mei al binne wy ta de konklúzje kaam dat wy in oare kant op moatte om fierder te kommen. Ek al omdat wy sa njonkenlytsen al 4 jier (!) ûnderweis binne. Dêrom hawwe wy besletten om yn it earste fearnsjier fan 2002 mei stipe fan DBF, in, sa't hja dat neame, "quick scan" te dwaan. Dat hâldt yn dat DBF kennis nimme sil fan alles wat wy oan no ta by d'ein hân hawwe. Dêrnei sille wy yn Eastermar mei ynstansjes/minsken dy 't by takommende nije rekreaasjeplannen belutsen binne (of mooglik wurde sille) in gearkomste te hâlden om te ûndersykjen wat der hjir sa al libbet. Dat betsjut dat oangeande takomstplannen foar rekreaasje, alles op 'e nij besjoen wurde sil. Hjirbij moat dan tocht wurde oan saken as:
1. binne ús doelen (en útgongspunten) fan 4 jier ferlyn noch wol aktueel of moatte dy bysteld wurde
2. hokker ynfloed hawwe de plannen yn it ramt fan Lits & Lauwers (en it projekt Friese Meren) op saken dy't Eastermar oanbelangje en hoe kinne wy dêr it bêste by oanslute?
3. hoe sit it mei de plannen van Gemeente & Provinsje? Passe ús ideeën noch wol yn dy plannen en hoe kinne wy maksimale stipe krije fan dizze oerheden?
4. moat der net besocht wurde ek partikuliere ûndernimmers te belûken by de opset fan nije plannen? It hat bliken dien dat wy der (finansjeel) net útkomme troch allinnich middels út subsydzjepotten te ferwachtsjen.
5. is de stichting PAREL (noch) wol de goede organisaasjefoarm om de opset en útwurking fan plannen de kommende jierren oan te pakken

Koartsein: de wrâld is de lêste fjouwer jier gâns feroare. Alle reden om in nije start te meitsjen en alles oangeande rekreaasjeplannen foar de takomst yn Eastermar op 'e nij tsjin it ljocht te hâlden.
Wy hâlde jimme op 'e hichte fan de fierdere gong fan saken.

Ut namme fan PAREL,
Elle Hoekstra

Oar doarps- en ferieningsnijs:
Ek nijsgjirrich: